| |
| |
| |
XV
Hat Grutte Jantsje yn har earder libben ûnderfûn, dat it net tafalt, om as allinnesteande faam troch it libben te gean, no yn har widdowensteat ûndergiet se ek foargoed de swiere realiteit fan it Fryske sprekwurd: ‘In widdo rint yn lange klean, elk trapet der op.’
Dat ûndergiet se mear as wa oars, lit it dan mar wêze dat se it der ek mear as wa ek nei makket of makke hat.
Nei in muoisume winter fan earmoedzjen en lijen wrot en wraamt se in like swiere of noch swierder simmer troch.
Nei Klaas syn stjerren wie se al fierhinne, mar noch net alhielendal op reapsein. Der wiene noch provenuen fan in foarich jier tegearre wrotten en wramen. Der wiene noch in pear oergarre sinten, der wie winterbrânje.
Klaas wie net yn in earmfoudekiste te hôf kommen, lykas mei mannich folle fan syn soarte barde; sa'n ien mei in plat lid, dêr't neffens de folksspraak soms de knibbel op moat, om him ticht te krijen.
Jantsje hie net om sa'n kiste frege, it like har nearne net nei, sa lang se noch in pear sinten efterút hie, en gjin earmfoud hie der oan tocht om in oanbieding te dwaan.
Sokke minsken dogge gjin oanbiedings, dy wurde frege.
En frege hie Jantsje net.
Wol, doe't er noch libbe en ek wol sûnder dat de need heech twong, dêr seach se gjin bien yn.
Mar no hie se net frege, it like har in skeinen fan de eare, dy't
| |
| |
se betoane woe oan de man, dy't se leafhân hie, al hie se dat dan ek dien op in oare as wenstige wize.
Sa ha se tegearre in earmoedige neiwinter trochlibbe. Earmoede ha se hân, hûnger en kjeld lijd en wachte op de útkomst fan it foarjier, dat wurk en fertsjinst bringe sil.
Al yn 'e iere maitiid is se nei de boer tagien, dêr't Klaas altiten arbeide hat, om beanelêzen, it earste maitiidswurk, dat soms by de boer yn skuorre of bûthús, soms ek thús bart.
De boer, dy't tige fan syn trouwe arbeider hâlden hie, mar noch wearzich wie fan Jantsje, hat lang krôkjen hân, mar dochs is einlings te'n lêsten de skealje oerslein nei de barmhertichheid. Der is in karre mei sekfollen beane nei it lytse húske ta brocht. Yn it bûthús of yn 'e skuorre woe er Jantsje net ha.
Dêr hat er Jantsje lykwols net mei misledige, dat hat se ferwachte.
As it oars west hie, dan wie se kjel wurden, want it spek soe de boer noch wol wat yn 'e mage sitte, en de houtbult, dy't se sa faak by tsjuster oansprutsen hie, soe ek wol praat ha.
De lêste kear is se dêr ek mar amper útsprongen. Dat wie op in sneintejûn en sûnt dy tiid hat Jantsje der ek net wer west.
De faam fan de boer hat der har oer oansprutsen op 'e buorren.
‘De boer syn hout wol wol baarne, net Jantsje?’
De blinder, dy siet, en dêr hat Jantsje efkes oer krôkje moatten foar't se har wapens slipe hie.
‘Dat silst dû wol it bêste witte, fanke.’
‘Ja, mar jo witte it ek wol. Miene jo, dat ik sneintejûn tusken kofjeen teetiid neat fernommen ha? Ik ha der noch net tsjin gjin ien oer praat, mar ik wol jo al warskôgje.’
Dat lêste is Jantsje alhiel fan opfleure, en mei in handigens, dy't har allinne mar eigen is, hat se soarge, dat der ek net fierder oer praat wurde sil.
‘Tsjonge fanke, watst dû seiste. Ik tocht al, dêr giet wat om yn 'e mantel, mar ik hie net tocht, datst dû dat wiest fanke, nee wier, dat hie ik net fan dy tocht.’
| |
| |
‘Hoe no!’ hie de faam frege, ‘mei ik miskien net?...’
‘Wis wol, wis wol, fanke,’ hie Jantsje andere, ‘neat op tsjin hear, ik bin ek jong west, mar de arbeider is troud, dêr moatst tenei al in bytsje mei rekkenje.
Ja, bern, krij mar net in reade holle, ik praat dêr fierders ek net oer fansels, mar ik wol dy dochs efkes warskôgje.’
‘Dat sill’ jo my bewize, âlde smillap.’
Mar dat lêste hat Jantsje nea net hoegd te dwaan, dat hie se lykwols ek net kinnen.
Mar hjirmei hat se de faam de mûle sluten. In pear jier ferlyn hat der in praatsje fan dizze faam gien en foar noch sa folle net soe se it wer opikkere ha wolle en dizze ‘âlde smillap’ stiet foar neat, dat wit se.
Lykwols, it falt Jantsje neat ôf, dat se beane krigen hat te lêzen, de faam hat faaks thús wat útlitten.
Hawar, de boer en de boerinne binne gjin praters, en Jantsje hat wurk en fertsjinst.
Tolve sekfollen beane ha se der tegearre al troch. It eint net hurd, in skelling de sek, mar de wein rôlet wer en de boer hat wol mear beane.
Mar Jantsje kriget gjin mear beane.
As se freegje lit hoenear der wer in karfol komt, kriget lytse Jantsje de konsynjes mei, dat earst dy lêste beane mar ris teplak komme moatte.
Blinder, dy boer hat se neimetten. In kear of fjouwer ha se der tegearre fan iten, grutte beane is goed earmeljus iten.
Mar Jantsje is net ferlegen. Under de âld matte faget se it stof op, in skepke der by fan efterhûs, en yn in sloop bringt lytse Jantsje it stof nei de boer. De boer hat de beane grif net goed wine, moat se mar sizze.
Mar de boer jout gjin beane wer.
Sa sit Jantsje wer op swart sied, en nei in oarenien hoecht se net te gean, ien boer is alle boeren op in doarp.
En it útwurk is noch net oan 'e gong.
Foar de fertsjinne sinten hellet Jantsje no wat negoasje út 'e
| |
| |
stêd en swalket see en lân ôf, mei wat snypsnaren yn in kuorke.
It bringt gelikefolle op as it beanelêzen, want de wrâld is wiid en grut en der binne noch barmhertige minsken en wat fierder Jantsje fan hûs swalket, wat grutter en beswierliker húshâlding se kriget en wat mear de hannel opbringt.
Soms is se sa fier fuort, dat se jûns net thúskomme kin en dan fynt se yn skuorre of bûthús in ûnderdak.
Lytse Jantsje mei dêr yn 't earstoan net sa graach oer, mar as de simmer komt en de dagen langer wurde en de nachten, dêr't se sa'n hekel oan hat allinne, koarter, went it al.
Benammen as de jonges der weet fan krije, dat Grutte Jantsje fuort is en lytse Jantsje allinne ûnwennich is, went it hurd. De lytse mei der njonkelytsen wol oer, dat de grutte de wrâld út is.
Oant Grutte Jantsje op in jûn ûnferwacht thúskomt en it feest fan jonge minsken yn har lytse húske opstrewearret. Dan komt der in hastich ein oan, want fan sokke dingen is se net tsjinne en dat demonstrearret se ek iepentlik yn it doarp, troch in pear jonges sa'n opstopper te ferkeapjen, dat se dagen skeind troch it doarp rinne.
Mar tagelyk nimt har hannel ek in hastich ein. Lytse Jantsje wurdt grutter en hja is net mear fuort fertroud.
De lytse moat no foargoed strafeksersearje, want Jantsje is wol mâl om har, mar ferdjert se net.
Lokkich is it hjerstwurk oan 'e gong en de lytse kin wol wurk fine op it lân.
Wikenlang bringt se se moarns by tsjuster nei 't lân ta, tusken skoft mei se allinne thúskomme, omdat it dan ljocht is, mar jûns wurdt se fan it lân ophelle en sneins komt se oars net bûtendoar as nei tsjerke ta.
Fan dizze strafeksersysje wurdt net allinne lytse Jantsje better, ek de papieren fan Grutte Jantsje riizgje wer njonkelytsen in bytsje by de doarpsminsken.
Lit dat wiif dan mar wêze wat se is, mar dat fanke hâldt se alteast de hannen koart en dat achtet men tige gaadlik, want lytse Jantsje is ien dy't nedich de poatteam oan ha moat, dy besiket al jong bûten de stringen te kommen.
| |
| |
As lytse Jantsje de Grutte op 'n doer mei bidden en smeekjen safier krige hat, dat se har wer allinne ûntjaan mei, dan sit de freze der sa goed yn, dat Jantsje der oer prakkesearret om har hannel mar wer op te nimmen.
Want it is in skerpenheuvel, lytse Jantsje fertsjinnet in lyts leantsje en Grutte Jantsje fernimt foargoed, dat it in wier wurd is, dat in lyts keapman fierder springt as in grut arbeider.
Sa wurdt se njonkelytsen twongen om op 'e nij in kar te dwaan, wa fan har beiden de kostwinner wurde moat.
Koe se der no sels mar in bytsje by fertsjinje, dan gie it wol. Mar de boeren binne fan har tsjinsten net tsjinne, ris in inkeld skoft of in inkelde dei helpt se in lyts gernier, dy't ferlegen sit, mar dat bringt gjin seadden oan 'e wâl, al hoe't se ek yn dy inkelde skoften demonstrearret, hoe'n guodkeape en betûfte wurkkrêft se is.
En noch efkes, dan stiet de winter wer foar de doar.
Dan sil se nei de fouden moatte, want dat opgroeiende fanke doar se net wer allinne litte. It is in himmel fanke wurden en hja fernimt wol, dat de jonges as loopske hûnen om har hinne draaie.
Ja, salang hja der by is, op earbiedige ôfstân, mar hja doar de wrâld net wer út.
Hja kin se fansels tsjinje litte, boerefammen kinne altiten teplak komme, mar dat doar hja net. Lytse Jantsje hat gâns wyld hier yn 'e nekke, en in oar kin der net op tasjen, lykas hjasels.
Dit fanke hat se leaf, it is de iennichste dy't yn it libben altiten oan har hongen hat en dat libben sil se hoedzje en bewarje oant de tiid ta, dat se it yn betroude en feilige hannen oerjaan kin.
Sa steapelje de soargen op, sa driicht de earmoede, dy't se sa faak yn har libben hân hat, werom te kommen en dizze kear kin se de bonkige, sterke lea net útspeakje om dat spoek ôf te kearen.
Dat bringt Grutte Jantsje op 'e knibbels, want de boarne fan de útkomst wit hja: ‘Heare, ik bin in âlde stjonkert, Jo witte it, mar jou my de kâns om dit fanke goed teplak te bringen, better as myn heit, myn bruorren en - as ik sels.’
| |
| |
En dy kâns komt en dat hat Grutte Jantsje al har libben sjoen as gebedsferhearring.
Dy kâns komt in hiel oare wei lâns as Jantsje har ea yntinke koe en ek hiel oars as hja bedoelt yn har freegjen.
Hja bedoelt in útkomst yn arbeidzjen, fûl en fûleinich as in man yn syn swit, yn syn stinnende lea, yn syn krûm nei hûs gean jûns.
En dat kriget hja ek, mar dat net allinne, hja kriget net allinne de kâns fan in heit, om it brea te winnen yn muoite en fertriet, mar ek de kâns fan in mem, om leaf te hawwen, te lijen, te offerjen.
Op in moarn yn 'e lette hjerst is it doarpke alhiel yn ûnstjoer. De minsken steane, opkrongen yn in lyts steechje of op 'e buorren yn keppeltsjes byinoar te praten.
Der is wat yn it doarp bard, dat sa ûnminsklik is, dat lyts en grut alhiel fan 'e wize is.
En aloan wize de útstutsen earms nei de nauwe stege.
Dêr is trije wike lyn in lyts jonkje te wrâld kommen, de sechste yn in arbeidershúshâlding, dêr't alles ûntbriek.
Dy húshâlding is no trije wike lang ûnderwurp west fan it doarpspraat.
De mem hat nei de berte fan de lytse jonge sweve tusken dea en libben, oant se in deimannich lyn de wurge holle foargoed dellein hat.
Juster ha de klokken let en it doarpslibben dat yn grutte need sa meifiele kin, hat him konsintrearre om dy seis heale wêzen, de âldste tsien jier, de jongste trije wike.
Der binne wrede en ferneatigjende oardielen útsprutsen oer de heit, dy't wiif en bern al jierrenlang heal omkomme litten hie.
It stille leed fan de no begroeven mem en de wrede ûnminsklikens fan de ûntaarde heit, binne beide breed útmetten.
En no fan 'e moarn hat in meilibjend buorwyfke al by tsjuster de gûlende bern oantroffen allinne yn 'e hûs, de ûntaarde heit hat alles yn 'e steek litten en is nearne te finen.
| |
| |
De earmfoud, dy't der daliks by helle is, sit mei de hannen yn it hier, hjir moat ried skaft wurde, mar hoe en watte?
Fan út har hûs wei hat Jantsje de tarin fan al dy minsken sjoen en mei de skelk om 'e holle is hja de doar útgien en stiet midden yn 'e keppel, stom swijend mids al dy pratende en mei de skelk de eagen útfeiende froulju.
Riedeleas stiet de plysje, dy't de minsken út it lytse húske weistjoerd hat, mei de earmfoud yn it noch heal tsjustere keammerke.
Hjir moat ried skaft wurde. De âldste, in famke fan tsien jier, stiet mei har lytse earmkes om fjouwer berntsjes hinne, dy't se sa goed en sa kwea as it giet de klean oandien hat.
Yn 'e krêbe op it fuottenein fan it bedsteed kryt in lyts popke ûnbewust om de skurte fan in mem, om waarmte, drinken en fersoarging.
Mar de mem op it stille hôf heart it net.
De stege stiet fol froulju, allegearre memmen en hja petearje eachútfeiend oer it freeslike fan sa'n tastân, skriljend en meilijend skodholjend as it lûd fan de gûlende ferlittene berntsjes trochbeart nei bûtendoar ta.
Der wurdt mei-inoar wiidweidich oer praat, hoe slim as it is en hoe't der útkomst komme moat, mar fierder komme hja net. Elk hat ommers al mear as genôch oan syn eigen.
En stom swijend stiet Grutte Jantsje der by, mei de hannen yn 'e skelk. Hja hat nea net en ek no net kontakt mei dy oaren, dy't de stege folje mei kleilieten, dêr binne froulju by, dy't har no noch, yn dizze stege fol minske-illinde, mâl oansjogge. Hat se doe net hàrren jonges ôfdroege, dy't fan dat gekke en geile fanke oerstjoer makke wiene?
In earmtlik gegûl fan it lytse popke, dat fan de âldste út 'e krêbe krige is, skrillet de froulju op, hja dogge de hannen yn 'e earen, it is ommers net út te stean.
Grutte Jantsje reagearret oars op dizze lêste needgjalp, al docht se it sûnder wurden en sûnder stinnen en kleien.
Mei de beide bonkige earmtakken reaget se de froulju útinoar en makket frij paad, en dan giet se de doar yn.
| |
| |
‘Dêr mei net ien yn!’ raast in frouminske út 'e keppel har efternei, mar Jantsje giet swijend har gong.
Yn it keammerke steane de plysje en de earmfoud mids de minsklike illinde en sykje om útkomst út dizze need.
De âldste fiif binne se it oer iens, it grutte fanke fan tsien jier kin boerefaam wurde, de earmfoud wit wol in plak as lytsfaam, de fjouwer oaren kinne nei it earmhûs te Hallum ta, mar dy lytse fan trije wike, dy moat in mem ha.
En ta Jantsje' grutte ferwûndring wurdt se der net útstjoerd, mar yn it petear behelle. In frou as riedjouster is sokke tiden in útkomst, al is dy frou dan ek Grutte Jantsje.
Hja hat wol faker mei dy beide praat, mar dan gie it oer hiel wat oars, oer sinten of oer weiwurden spul.
Wat Jantsje hjir winliken fan tinkt, oft dy faaks ek ien wit foar dy lytse.
Mar Jantsje swijt en nimt de lytse op 'e skurte, dy moat alderearst syn gerak ha.
De beide mannen sjogge swijend ta, dit soe in mem wêze kinne, as it... Grutte Jantsje net wie.
As it jonkje berêden is, leit se it op it ûnbesliepte bêd, de heit is foar de nacht al útpykt.
Dan skept se wetter út it reinwettersfet en wasket de fjouwer lytsen, it famke stjoert se nei de gong, dy is grut, boerefaam aanstons, dy kin harsels wol rêde.
As se klear is freget de earmfoud oft se fierder no ek ried wit foar dy lytse, de oaren dat is klear.
As Jantsje soms ek ien wit, de earmfoud wol in daalder wyks jaan, it is winliken te folle, mar foar dit útsûnderlike gefal doar er it oan, de reginten sille it wol goedkarre.
Mar ûnder it doarp fol kritende froulju is net ien, dy't it ha kin, dat wit Jantsje wol.
‘Nim jo it,’ seit se tsjin de earmfoud, ‘jo ha der iten foar en jo wiif hat der tiid foar.’
Mar de earmfoud skeukt as kriget er luzen. Hoe komt dat wiif der by, it soe raar stean as er mei sa'n fracht thúskaam.
| |
| |
Op it lege bêd kryt súntsjes de lytse jonge en as in skok giet it troch Jantsje hinne, de stumper hat ommers yn gjin goed heale dei drinken hân.
‘Ik nim it mei,’ seit se en hoeden wuollet se it lytse jonkje yn har wollen skelk, want it is kâld bûtendoar.
‘As it wat fierder hinne is, kin it ek nei 't earmhûs,’ jout de earmfoud Jantsje as in soarte fan treast mei.
‘Ik ha it en ik hâld it,’ seit Jantsje.
As se troch de stege giet mei har leafdelêst yn 'e earms, geane de froulju earbiedich útinoar en jouwe romte en yn it doarp rinne de minsken gear en bestoarmje Jantsje.
Mar Jantsje giet nei hûs, swijend en gjinien te wurd steand.
As se thúskomt, fersoarget se it lytse jonkje en leit it op har bêd.
Dan giet se foar de twadde kear nei de earmfoud, dy't noch yn it keammerke omskaait.
‘Ik moat in widze ha en rêding foar it lyts bern,’ seit se.
‘It komt klear, hjoed noch,’ ûnthjit de earmfoud gol en tasjitlik.
As se wer nei hûs giet riidt de wein mei de fjouwer weeskes de dyk út nei Hallum ta. De plysje sit der foar op en knikt Jantsje ta. It is ek wat wurdich, sa'n útkomst yn 'e need.
Iterstiid komt lytse Jantsje thús, hja hat ûnderweis it ferslach al wei krige, want dizze died fan Grutte Jantsje is op aller tonge, en mei in blide útrop fljocht se op de lytse jonge ta.
‘Hoe hjit er mem?’ freget se bliid.
‘Hindrik,’ seit Jantsje.
‘Hâlde wy him altiten?’
‘Ja, wy hâlde him altiten,’ seit de mem en dêrmei jout se harsels in opjefte dy't har libben behearskje sil.
Dêr sil se foar stride moatte, want ek yn dizze leafdedied bliuwt se Grutte Jantsje yn it each fan de minsken.
Mar striid soarget Jantsje net tsjinoan, hja hat waarm, jong libben tsjin har oanfield en har leafdeboarne is iepensprongen.
‘Lokkich,’ jubelt lytse Jantsje.
|
|