sjoen wurdt, de slatters oan 't wurk te beëagjen. En mei ien each-opslach sjocht se, dat Klaas syn paad net mear skjinmakket.
No begrypt se dat gleonhastige gedoch, moarns foar dei en dauwe al, dat tuskenskoft gefljoch en dat lette thúskommen jûns.
Hja sjocht syn ûnmeugend gewrot tsjin syn liniger maten oer en op in stuit giet it troch har hinne, Klaas is in âld man wurden.
Ja, as it sa is, dan kin se ek begripe, dat er jûns as in sâltsek yn 'e stoel hinget.
Stil giet se nei hûs en skaait yn it hok yn Klaas syn ark om, want dit hat se wol sjoen, dy jonge keardels meitsje Klaas dêr mei-inoar wei.
Mar dat gedoocht Jantsje net, hy sil it net mear sa ûnmeugend swier ha, hja sil him helpe en dy maten sille fan no ôf jûns de hûd noch better fiele dan Klaas.
En fuortdaliks draaft se it doarp yn om in slatark.
Net ien dy't der erch yn hat, de lju binne it sa wend, dat Jantsje om alles en noch wat by de doarren komt.
As Klaas nei iten risselwaasje makket om wer daliks oerein te springen, hâldt Jantsje him tebek: ‘Jou dy mar efkes del hear, in minske moat dochs yn de goedichheid syn tuskenskoft ha.’
Klaas iggewearret: ‘Ja mar, ik moat, ik moat...’, mar fierder komt er net, hoe kin er no fertelle dat er tuskenskofts bywrotte moat, wat er sakke is.
Hawar, dan jûn mar wat langer.
Mar as er de oerdeis efter syn maten oan stiet te pucheljen, omdat er net de kâns hân hat om tuskenskoft by te wrotten, komt Jantsje de wâl del mei it slatark yn 'e earm, lûkt de hoazzen út, stekt de bleate fuotten yn 'e klompen en springt neist de ferbjustere Klaas yn 'e sleat.
De maten sjogge lûd laitsjend om; wat sil de grutte no wer útheve?
Mar dat duorret net lang, neist har âld man slat de grutte as in jongkeardel en wint sichtber op de ploech yn, dy't no net mear laket, mar ferwoeden taset.
As it twa oere is, binne se in gewint efter, en dan stapt Jantsje