| |
| |
| |
XII
As in minske trout, kriget er de izeren sylbeage oan.
Dizze útspraak, tige hiem yn 'e folksmûle, soe no net sasear foar Jantsje fan tapassing wêze, soe men wol sizze.
Fan bern ôf behurde yn it wrede libben, soe men jin hast gjin sitewaasje yntinke kinne, dy't it foar Jantsje noch minder, noch swierder, noch wreder makke, as it yn har frijgesellelibben west hat.
En dochs, ek Jantsje kriget mei it trouwen de izeren beage oan, al knypt er dan ek oars en op oare plakken, as by oare minsken yn deselde omstannichheden.
Want Jantsje hat net allinne in man troud, mar sit fuortdaliks mei in keppel grutte jonges en in lyts famke.
Dêrby is se kommen yn in skandalich útrûpele húshâlding.
Dat lêste nimt se lykwols net swier op. Har ûnferwoastbre lea, dy't stikken noch dea kin, hat de gek mei dat lêste.
Mei ynmoed set se har foar de net lichte opjefte, om mei dy húshâlding de fuotten wer ûnder it gat te krijen.
It hûs wurdt mei biezems keard en yn de koartst mûglike tiid binne de spoaren fan in mem, dy't fanwegen sykte de kriich net mear folgje koe, útfage.
Ja, hja makket it net skiteldeftich, dêr is Jantsje no ienkear gjin minske foar, mar hja makket it al sa, dat gjin minske by har yn 'e hûs de noas op hoecht te lûken.
De minsken om har hinne, dy't gauris om 'e hoeke noaskje, kinne net oars as tastimme, dat Klaas it mei dizze fjirde priis út de libbenslotterij wol tige troffen hat.
| |
| |
Dat wiif wol en kin de hûd liene, sizze se ûnderinoar. It mei dan in nuvere dragonder wêze, mar it is ien dêr't lân mei te besilen is, dat is mar net oars.
Wêr't se it allegearre wei docht en wei hellet mei joast witte, mar njonkelytsen lizze der matten oer 'e flier, hingje der gerdinen foar de ruten en steane der in rigel stuollen foar it bêdsket lâns. It is allegear ûngelikens, oer de flier, foar de ruten en foar it bêdsket, mar der komt dochs njonkelytsen in folsleine húshâlding ta stân.
Wêr't it weikomt wit gjinien, der bliuwt nea in karre of wein stean om it iene of oare ôf te laden, it wurdt der by nacht yn-sleept, fansels, want gjin minske sjocht wat en dochs komt it der.
Dat liket dan dochs glûpende mâl, it moat dochs op de iene of oare manear, stuollen en tafels groeie net.
Sa stiet der by Jantsje yn 'e hoeke in pultrum, dêr is dat wiif hjir net mei kommen. De saak is dochs ûnder it ôfladen wol goed opnommen efter de lytse rútsjes wei, gjin minske hat letter wat sjoen en sjedêr, it stiet der dan dochs mar. Sykje no sa'n riedling mar ris út.
Der binne doarpsgenoaten, dy't twivelje oan dit frouminske. Dy tinke oan boppe- of ûnderierdske krêften.
Ja, der wurdt sels tocht, dat Jantsje har oan 'e duvel ferkocht hat. Dan hat men ek nea gjin lijen, al jins begearen en ferlangens kin men mar opjaan en jûns by tsjuster set de Boaze it op in leafst ôfhandich plak del.
Rint der ek net ien yn it doarp om, dy't de drank mar foar it heljen hat?
Jûns set er in lege flesse del en fuort dêrnei kin er him fol werom helje.
Soks stjonkt fansels ôfgryslik en jy moatte net om 'e ein tinke fansels, want dat moat ferskuorrend wêze, nei't men seit, mar salang as it libbet, libbet it rûm, dat is mar net oars.
Freget men de minsken ‘leauwe jim oan sokke dingen?’ dan is der net ien fansels, mar it moat dochs hjir of dêr wei komme.
Jantsje hat gjin lêst fan de praatsjes dy't oer har omsweve, dêr
| |
| |
hat se it lykwols ek fierstente drok ta. It easket wat om in útrûpele húshâlding wer wat yn 'e stokken te krijen en dan sûnder dat it jild kostet, want jild hat Jantsje net en hjir is ek de see net, dy't it oanspielt.
En dochs kriget se it, want se fljocht der alles om ôf, gjin doarp yn 'e omkriten, dêr't men Jantsje net ken en gjin boerehiem, dêr't se net west hat, want men moat freegje, dêr't wat is te jaan.
En de preek dy't se by elk ôfstekt, slacht yn, de tekst is: ‘Ik bin de fjirde frou fan Klaas Rypstra fan 'e Leie.’
En dan is it gjin keunst mear om stoffe te finen.
En fruchtber is it ek, want Jantsje kriget it hûs fol fan alles wat se nedich hat en soms ek net nedich hat.
Mar dêr wit se wol plak foar en mei dat oerskot makket se, lykas altiten, in mannich goede freonen.
Jûns by tsjuster wurde de taseine jeften troch Klaas ophelle. Wurch of net fan in hiele dei bodzjen by de boeren, dat jout neat, hy moat der op út. As it dêrom giet hat Jantsje gjin meilijen, noch mei harsels, noch mei Klaas.
As it al te swier is, lykas dat pultrum bygelyks, geane se der tegearre op út mei de kroade. Jantsje hat it in oere fier wei kroade, sûnder te rêsten en Klaas hoegde oars neat as hâlde en keare op de tsjustere, gatt'rige dyk.
Lykwols hie er mear de ein yn 'e bek as syn bonkige, sterke oare helte, dêr't er njonkelytsen it djipste respekt foar kriget.
Sa ha se in hiel nije húshâlding krige, sels is der in fearren bêd by, dêr't lytse Jantsje op sliept en it is lyk. Oare minsken dy't trouwe, slepe de buolguodden ôf mei liend jild, dêr't se jierren neitiid noch foar bealgje en soberearje moatte, om it wer lyk te krijen.
Ja, Jantsje is in baas help tsjinoer de man, dy't se trou ûnthjitten hat yn alle goede dingen.
Dochs is Klaas bliid as it lêste stikje húsrie binnendoarren is. Hy wrot âlve oeren fan 'e dei by de boer en hy wol him jûns wol graach deljaan, dat nachtraven dêr moat men seedykster foar wêze en ynhouten ha lykas Grutte Jantsje, sa't se no yn 'e folksmûle neamd wurdt en yn wide rûnte bekend stiet.
| |
| |
Grutte Jantsje is lykwols noch net op 'e ein fan har winsken. Want net allinne is it hûs útrûpele, mar de grutte jonges en it lyts fanke hawwe ek sawat neat om 'e latten. Hja moatte winliken fan it fel ôf klaaid wurde.
Mar Jantsje ken de gemeente. Wennet der bygelyks op Froubuorren net in boer, dy't faaks wol in sljocht pakje hat te lizzen, dêr't de grutste jonge fan Klaas samar yn fleane kin?
En sa swalket se op 'e nij see en lân ôf en ditkear komt it net op sjouwen oan.
Mei de sek ûnder 'e earm stekt se de wrâld yn, kriget stompen foar de kop, dêr't se neat om jout en lulke hûnen dy't op har ôf-stjoerd wurde, mar dy't se ien foar ien degradearret ta krûprige, slûchsturtsjende stumpers, dy't om 'e skuorre naaie as se har sjogge.
En njonkelytsen kriget se, wat se ha moat, al har jonges, it lyts fanke en Klaas ek, komme yn rak en dak.
De minsken om har hinne sjogge harren de eagen út 'e holle. En hjir kinne se de oarsprong fine, al witte se net wêr't it wei komt.
Oan 'e bern op 'e dyk sjogge se, dat it byinoar skarrele is, want der is hast neat by dat krekt past, hoewol Jantsje tige har bêst docht en dei en nacht mei de nudle oer it krige guod gearbûgd sit, mar dat falt mei dy manljusklean net ta.
Mei lytse Jantsje wol it better. Dy is al gau de bêst en moaist klaaide út it doarpke, en it famke toant har tankbrens, lykas in famke dat docht, hja hinget oan ‘mem’ as in klâde.
En dat set Jantsje aloan ta nije aksje, want leafde hat se sa'n bytsje ûnderfûn yn har libben en dêr hat se dochs sa'n ferlet fan, dit lyts fanke is in rike jefte yn har libben, dêr wurdt se net sêd fan.
Sa goed wol it net mei de jonges, dy binne earst frjemd en letter fijannich, dy meie dat wûndre bonkige manwiif net, dy't harren heit oanhelle hat.
Dy wegerje de droegen klean, dy't Jantsje harren foarleit, benammen as it sa út 'e foegen rint, dat der op 'e dyk ûnder kam- | |
| |
meraten oer praat wurdt en ferkieze de âlde rommel fier boppe de goede jeften fan grutte Jantsje.
En sjoch, om mei dy grutte jonges om te gean, mist Jantsje lykas folle minsken, de takt; se slipet izer mei izer, yn 'e hope dat de jonges bûge sille.
Mar dat lokt har net, it wurdt in folsleine fijanskip, hoe't Klaas ek besiket oalje op de wylde weagen, dy't fan beide kanten opbrûzje, te jitten.
Syn sêft lûd wurdt wei yn dizze stoarmeftige tsierderij, dy't fuort fan beide kanten ynset wurdt en wêryn de skuld ek folslein oan beide kanten leit.
Mar de grutte jonges jouwe neat om him en hawwe der hielendal gjin nocht oan om ûnder dat ‘wiif’ te stean, dy't se mei gjin mûglikheid as in mem sjen kinne, noch as mem wurdearje en earje kinne.
Soks docht Jantsje net sear, lykas it faaks in oare frou deadlik sear dwaan soe, it stekt har allinne mar dat se gjin baas wurde kin. Hja mient it dochs sa goed en de oanhinklikens fan lytse Jantsje is dêr neffens har wol it sprekkendste tsjûgenis fan.
Dêrom ûntwykt se de striid net, hja wol baas wurde en bliuwe. De metoaden fan oare memmen binne har frjemd, mei sêfte leafdehân al weroan besykje in brêge oer de djippe skieding te slaan leit har net. Bûge of brekke ien fan beide.
Mar neat fan beide bart, de jonges bûge noch brekke en sa ûntstiet der fakentiids in helske tastân, dêr't Klaas stilswijend ûnder lijt en dy't in tsjuster skaad smyt oer al de ljochte mominten dy't dizze fjirde stap him dochs sa rynsk oplevert.
Jantsje ferwyt him sloppens en stumperigens en folle en gjin genôch. Yn 'e grûn moat er har gelyk jaan, mar wat moat er der mei? It hurde libben hat jierrenlang te swier op him delwoegen om hjir no wer boppe-út te kommen.
Hy is ier âld, docht alle dei syn liif fol wurk by de boer mei altyd gruttere muoite en striid, komt jûns deawurch thús, en is net mear yn steat sa op te fearjen, dat er dizze wylde húshâlding oan kin.
| |
| |
Wat er freget is frede, jûns as er thús sit, desneeds frede troch ferlies, mar dochs frede.
Dy frede gebiede as hèit en dêr as it moat krêft efter sette, ûntbrekt him de macht ta. De jonges binne him ûntkommen yn it ûnmeugend swiere libben dat er efter de rêch hat.
Sa is oan 'e iene kant syn húshâlding stikken foarútgien en dat hat er te tankjen oan Jantsje, dy't yn steat is in ferrinnewearre húshâlding út 'e grûn wei op te bouwen, sa folslein as gjin minske it har neidocht.
Mar oan 'e oare kant is er efterútgien, der is gjin frede yn 'e hûs en Klaas is in man fan frede en dat tanket er ek oan Jantsje, dy't der gjin doel oer hat om mei grutte jonges om te gean.
Syn jonges binne oergroeid, hy wit it, hoe soe it ek hast oars kinne yn de libbensgong fan syn húshâlding.
Mar oars libben se harren bûtendoar út, mijend as se yn 'e hûs wienen tsjinoer in altyd sike mem efter lytse bêdsdoarkes.
Mar no sit der in meunster yn 'e hoeke op memme plak, ien dy't net op in mem liket, neffens de jonges, al hinget it lyts fanke dan ek oan har, lykas in bern allinne mar oan in mèm hingje kin.
Dy bedjert se oan alle einen en kanten oant yn 'e grûn ta.
Wiene dy fjouwer jonges ek lyts, der soe neat te dwaan wêze. Mar dy binne grut en gysten en wat kin dy dat wiif skele, dy't har heit op sa'n ûngelokkige wize oanhelle.
‘It is dochs jimme mem,’ hat er al faak beswarrend sein.
Soa, no, as dat in mem is, dan ha de jonges mar leaver gjin mem.
Sa is it in oanhâldende oarloch, dei yn, dei út, jier yn, jier út, in oarloch dy't de jonges en Jantsje alle dei op 'n nij mei frisse moed yngeane, net ien partij wit fan ophâlden of bylizzen.
De jonges ha der wier wol nocht oan en Jantsje net minder. Se moatte al alle fjouwer tagelyk tsjin har oan, want ien foar ien makket en brekt Jantsje se.
Mar allegearre tagelyk kin se der gjin baas fan wurde, al besiket se it ek mei stomp en skerp, en al prakkesearret se der ek gjin ien momint oer om it oer te jaan.
| |
| |
Dochs kinne de jonges it op 'n doer net hurde tsjin it izeren wollen fan de dochter fan Swarte Gelf. Starich, mar wis moatte se it fjild rûmje, want Jantsje beskikt oer en brûkt mear middels as de jonges uteraard ha.
As se dan alhiel net om't lyk wolle, hawar, dan sille se ûnderfine dat ìèn mem oer mear middels beskikt, dan fjouwer sterke, jonge keardels meiïnoar.
In pear hawwe ferkearing en meitsje der sa hânsum as mûglik is, trouwen fan. Lit dat ‘wiif’ no gau barste.
En de oerbleaunen fiele har posysje ferswakke, it is ferlern, tsjin dy ‘duvel’ is net te fjochtsjen.
As de trêde ûnder tsjinst moat, bliuwt de jongste oer.
It is de bêste net west fan de fjouwer neffens Jantsje, mar no allinne fernedert er him, hoewol net fan herten, ûnder har krêftige hân.
It is noch wol gjin frede, mar dan dochs wapenstilstân. It doarpsjongfolk, dat jûns steefêst foar de ruten harke nei de altyd heech opslaande rûzje, fine der no neat mear oan by Klaas en Jantsje. In deade boel, neat wurdich.
En de jongste moat no de pot koele yn 'e hûs, dêr't Jantsje him mei izeren septer regearret en him fiele lit wa't winliken baas is.
En ek op 'e dyk, by de kammeraten: ‘Soa, kinst net mear tsjin it âld wiif op, ik soe my skamje, ik makke de tange gleon.’
Mar op 'e dyk ha se goed praten.
Wat docht ìèn jong baas tsjin in frouminske dy't in doarwarder de dyk útjaget, in oanrander foar har op 'e grûn krôlje lit, in deade seeman op 'e nekke sjout en nei it doarp kroadet en werom op nei hûs ta noch oardelhûndert pûn ierdappels yn 'e rin wei op 'e lea slingert.
Dêr is net tsjinop te kommen.
Noch twa jier lang moat de jongste tsjin wil en tank it hurde jok drage, dat in stiemoer opleit, dy't no har masterskip útlibbet en nei al wat der bard is, gjin leafde mear fine kin.
En dan ferlit ek de lêste it âlderlike nêst om it libben yn te
| |
| |
gean, dat him faaks wol reden jaan sil om te tinken oan foarbygiene tiden.
En dan is it frede, foargoed frede, yn 'e wente fan Klaas en Grutte Jantsje. Ynlike bliid genietet de al âlde man fan dy frede, nei sa lange jierren fan ferwoeden striid.
Hy is der âld fan wurden en dûbeld noflik is him de waarme jûnsinne op syn libbenspaad, mei Grutte Jantsje en lytse Jantsje, syn jongste, dy't er feilich wit omdat dy in mem hat, sa't gjin bern it better en moaier begeare kin.
It wurk falt him swier. Wat efter him leit, hat him krêften koste, en wat men âld ferliest, kriget men net werom.
Mar as er jûns thúskomt en deawurch yn 'e stoel sakket, dan is de frede him dûbeld noflik.
Dan sjocht er syn opgroeiend fanke, neist syn foars en wreed, mar dochs wûnderbaarlik wiif en dy twa geane yninoar op yn sa folsleine harmonije, dat it de âlde wurge heit ferwaarmet en him omstrielet mei in krânse fan let lok.
Grutte Jantsje en lytse Jantsje, ja dy beide hat er noch oerhâlden en hy is der bliid en ryk mei, mei allebeide.
|
|