ús Leaven Heare har hjir mar weinimme mei en dat Hy dan fierders mar mei it fanke rêde mei.
En nei de lêste slach tusken heit en jonges, dy't se net ûntrinne koe, omdat se net mear rinne koe, binne de jonges fuortgien, de wide wrâld yn, en is Kike yn it lêst fan har dagen kommen.
Jantsje kin no net mear nei de boer ta, Swarte Gelf giet op 't skoft nei 't lân, mar tsjin Jantsje hat er sein: ‘Dû moatst by jim mem bliuwe.’
Mear net en mear docht Gelf ek net, net ienkear taalt er nei it stjerrende minske.
En Jantsje fersoarget, tear en fol leafde en mei deselde ynmoed, as se de fjochterijen meimakke en meilibbe.
Sa wachtet Kike de ein as in wurch fûgeltsje. Hja praat net, noch tsjin Jantsje, noch tsjin Gelf, want beide hat se ferlern.
Mar yn har bea om opnimming út dizze oarde fan illinde en triennen, omfiemet se wol dy beide, dy't noch om har tahâlde en de fjouwer dy't fuort binne en der aanstons neat fan gewaarwurde sille, as se de lêste sike útblaze sil.
Dy tiid prakkesearret noch Swarte Gelf, noch Jantsje oer.
Och, Kike hat ommers altiten omgoarre, wêrom soe se sa omsukkeljendewei net âld wurde kinne.
Gelf giet nei de stoarm fan de lêste tiden stil syn libbensgong en Jantsje spint har libbensidealen, lykas alle jonge minsken. As sy ris in man kriget, dan sil se skerper bier taapje as har mem. In man sil har sa net op 'e kroade ha.
Al is it dan ek in woasteling lykas har heit en har bruorren, hja hat de gek der mei, hja sil se stean.
Der moat al in fûnkje ynsitte, ien lykas har heit en har bruorren soe se fier ferkieze boppe sa'n lêbigenien as Jabik Jitses bygelyks.
De earste ferkearing hat se al efter de rêch.
Dat wie mei Jelle Wiegers, in potskipperssoan út Holwert, dy't mei potten en pannen by de seedyk lâns kaam.
In goede fint oars, tocht Jantsje, hy wie kreupel en min ofte