Mei fêste hân hâlde hja him tebek, doe't er op in moarn wer nei bûten strompelje soe foar syn deistige gong nei de boer.
En de geweldige, dy't him fan gjin minske ea regearje en twinge litten hie, bûgde foar dy fêstens, wol tsjinakseljend, mar net trochsettend lykas oars, en optlêst oerjaand.
‘Heit bliuwt thús en ik sil dokter helje.’
Mar dat lêste reagearre er fûl op, nee, nee, dat net, as se dat net út 'e holle sette, dan gie er derút nei 't wurk, op slach.
En Jantsje joech ta, och ja, in pear dagen rêste, dan soe it allegearre wol wer bekomme.
Mar yn 't skoft swalke hja nei Ferwert, heit soe net stjerre lykas mem.
Dokter kaam, en doe't er foar it bêd stie, lôge noch efkes fûl it ferset op.
Dokter seach gjin libbensgefaar, mar arbeidzje, dat soe wol net folle mear wurde, mar goed ite en net yn 'e kjeld. As se harsels rêde koenen, mar nee, dat soe 't wol net, hy soe in bryfke jaan foar de earmfoud, mar foaral goed ite, der moast wat yn, dokter kaam noch wolris oan, mar medisinen hoegde er net.
It bryfke foar de earmfoud skuorde Jantsje oan alle flarden, doe't dokter fuort wie.
Wat dat oplevere, dat wist se; in brea, in pear kop grôt en in kwartsje yn in hiele wike, dêr hâlde se de hân net foar op.
De oerdeis stiek se fuort nei Knillesboer, heit koe net wer komme, dokter hie him it arbeidzjen ferbean.
Knilles hie it al ferwachte, hy koe de lêste tiid al hast net sydwyns mear gean, nee, dit kaam him neat net ûnferwachte oer.
Mar wat him al ûnferwachte oerkaam, wie Jantsje' fraach om spek en aaien; heit moast fersterkjende middels ha.
Soa, ja, dat soe wol, dat soe wol in goed ding wêze faaks. Jantsje moast it de earmfoud mar oan 'e hân lizze.
Mar Jantsje hie it oars begrepen, spek hie de boer wol yn 'e skoarstien en aaien wiene der ek wol, de faam helle dochs alle dagen in kuorkefol fan 'e stoppel, en no stie it sa, hja gie net earder út 'e tsjernherne wei, foar't de boer fanwegen kaam.