Dat leit sa foar de hân, dat de boer by it beneamen fan in foarman by dizze ploech lytse arbeiders der net iens oer prakkesearre hat, om der ien grutten by te setten, lykas somstiden wolris bart.
Nee, Jantsje is de as fansels oanwiisde liedster, dy't hat te soargjen dat alles yn dizze lytse, begjinnende arbeiderswrâld reilt en seilt.
En de oaren jouwe harren gewillich del ûnder Jantsje' hoede en masterskip. Want Jantsje hat dy ûnderskieding tidens it ynlizzen dûbeld en dwars fertsjinne.
En Jantsje makket har it yn har stelde betrouwen, sawol fan de boer as fan har ploech, wurdich.
Der wurdt skrept yn dy lytse ploech, sa't se troch de bank neamd wurde, dêr soe sels Jabik Jitses gjin neil efter krije kinne as er it seach.
Mar dy sjocht der neat fan, dy stiet mei syn maten te grippeljen bûtendyk, it gewoane wurk sa tusken setten en wjudden.
Ja, Jantsje hat har ploech yn 'e macht, alteast wat it arbeidzjen oangiet.
Jantsje hat de foarstap as it nei it lân ta giet, en as willige skiep rint it lytse guod efter har oan.
Jantsje beskermet de ploech ek as it moat tsjin de boer, as dy ris in min sin hat en der soms nocht oan hat om dat tsjin de lytsen út te spyljen.
Dêr is Jantsje net fan tsjinne, as der gjin reden foar is, en hja soarget dat der gjin reden foar wêze kin.
Want Jantsje is krektlike min bang fan in boer, as fan de wylde see, dêr't se mei heit en de jonges ynstrûpt, as it moat.
Dat is just har grutte tsjinsin, dy't se hat tsjin Jabik Jitses, dy't sa from en dierber prate kin en it altiten hat oer frjemde goaden, mar dy't der altiten ien op nei hâldt yn de foarm fan syn boer.
Sjoch, dêr hat Jantsje de gek mei, minskefreze hat se net.
As Jabik Jitses mei de oaren, moarns fiif oere út it doarp wei op it hiem komt, wylst de boer efterhûs stiet, dan lûkt er al hurder oan 'e efterste foet.