Yn fiif jier, de earste fiif en de lokkichste fan har libben, hat se se krigen.
It gie hurd, fierstente hurd, hie âlde Sjut sein.
Mar sa hie Kike it net sjoen. Foar har hie it krekt oars west, steapeling fan rykdom op rykdom.
De soargen om se der troch te krijen, wiene fansels net lyts west, mar tegearre hiene se se droegen.
Gelf, rau en rûch, mar hertlik en goed, hie arbeide, fûl en út al syn macht, earlike, swiere arbeid, bodzjend en bealgjend mei hiel syn sterke jonge lea.
En sa hiene se it rêden, net ryklik, nee, krap, faak heukerjend en soms lijend, mar de einen kamen al bodzjend en wrottend oaninoar.
Oant dy nacht ta, doe't de stoarm raasd hie, slimmer, gystener, ferwoedener as de nacht fan Jantsje' berte.
Yn dy nacht wie in grut skip fergien, mei rike lading.
De oanspielde lading wie mei weinen nei Ferwert riden nei it gemeentehûs en de âlde boargemaster hie syn seedyksters priizge om har earlikens en it sobere fynderslean útbetelle.
Mar skatten fan de lading wiene oan de seedyk bleaun en hiene har wei fûn nei de adressen, dy't elke seedykster wit. It hie grou jild opbrocht en dat jild wie kommen yn de húskes oan de seedyk fan it Noarderleech ôf oan de Earme dyk ta.
In grou part dêrfan hie Gelf thúsbrocht, bliid hie er it yn syn bûse rattelje litten, mar Kike hie net bliid west, koe it net.
Sûnt dy tiid hie Gelf in oare Gelf west, de begearte wie oanstutsen as in fjoer en foar safier as it gewisse sprutsen en tsjûgd hie, wie it ferdronken en smoard yn de swolgerijen út de fetten, dy't fan it fergiene skip oanspield wiene.
De jonges wiene alhiel mei heit opgien yn it sykjen en jeien nei bút fan de see en it libben fan Kike wie iensum wurden.
Acht kear oanien wie út it lytse húske in jong libben fuort-droegen nei it doarp ta, acht kear oanien hie Kike it sjoen as in oardiel oer har libben, as in warskôging om de wei werom te gean nei de earste fiif jierren ta.