noch sa geef wie as wat. Willibrord joech de fane oan Magnus Forteman, greve fan Bentheim, dy't doe oer Fryslân regearre. Gjin niget dus dat Forteman mei sa'n fane it wol fan 'e Saracenen winne koe.
Doe't Karel de Grutte de Friezen beleanje woe foar har heltedieden en heltemoed, bea er har moaie klean en goud. Ek woe er har skylden mei sulver en goud beslaan litte. Mar Forteman die wat oars. Hy ûntfytmanne Karel it rjocht dat alle Friezen frije mannen wêze soenen, salang as de wyn fan 'e wolken waaie soe.
Neffens oerlevering soe Forteman de fane nei Fryslân brocht ha en dêr soe er ynmitsele sitte yn 'e muorre fan 'e Dom fan Almenum, yn Harns dus.
In tal Friezen, dat mei Karel de Grutte de striid oangien wie om Rome te rêden, siet de Saracenen nei oant yn Súd Italië ta. Op 'e weromreis út it suden wei, fûnen sy it lichum fan de Hillige Magnus, biskop-martler fan Trani, in oare Magnus dus as Forteman. Sy woenen it lichum balsumje en meinimme nei it Heitelân. Dat koe fansels gjin kant út en dus waarden sy yn in dream troch God warskôge om it net te dwaan. Sy brochten doe it lichum nei Rome en begroeven it dêr. Oer it grêf waard in tsjerke boud, wijd oan 'e Hillige Michaël en de Hillige Magnus. Net it folsleine lichum fan 'e Hillige Magnus waard begroeven, nee, de Friezen mochten in earm mei nei hûs nimme. Dy waard as relikwy nei de Dom fan Almenum brocht dy't, en dat sil no wol gjinien mear nij dwaan, wijd is oan 'e Hillige Michaël.
Histoarisy ha letter wolris nei foaren brocht dat nei alle gedachten yn it ferhaal fan de fane fan Forteman en yn dat fan 'e earm fan 'e Hillige Magnus, wurklikheid en sage