Bylage tsien
(1) Gerryt Roorda hat de stien yn 'e tritiger jierren opgroeven earne yn 'e omkriten fan 'e Tynje. Mei wat maten, dy't lykas hysels wurkleas wienen, hat er dat ding foar 't ljocht helle. De boer, yn dy syn lân de stien lei, hie der lêst fan by it meanen en woe him wol kwyt. It ding siet foar it grutste part ûnder de grûn en wie folle grutter as dat earst tocht waard. Se krigen him lykwols op in pream. Dêr mitere er fan ôf en hy plompte yn 'e plomp. Lizze litte koe net, dan soe de skipperij der lêst fan ha. Mei in bulte gewrot en mei help fan in grutte takel hawwe se him wer opfiske. Doe is er nei it hûs fan Roorda brocht. Dêr hat er fan 1937 oant 1951 op in sokkeltsje lein. Yn 1951 is er nei Warns brocht en doe is der ‘leaver dea as slaef’ yn beitele.
(2) Dy foarsitter wie baron van Harinxma thoe Slooten fan 'e Sweach. Fjoer en wetter fansels, Roorda en thoe Slooten. Gerbrandy wie yn dy tiid Deputearre. Dé Gerbrandy, dy't yn 'e oarloch minister-presidint wie fan it Londense Kabinet. Yn 1930 waard Gerbrandy heechlearaar yn Amsterdam en naam ôfskie as Deputearre. De Steaten moasten har doe útsprekke oer in útstel om him 22 gûne pensioen yn 'e wike ta te kennen. Roorda sei yn 'e Steaten: ‘Dat is twa kear safolle as in heit mei frou en bern yn 'e wurkferskaffing fertsjinnet as men dat teminsten fertsjinjen neame kin.’ De útdrukking ‘gouden handruk’ bestie doe noch net, oars hie Roorda him grif yn 'e mûle naam. Van Harinxma thoe Slooten fûn de opmerking fan Roorda fansels bûten de oarder en Roorda moast him stil hâlde. Dat die er net: ‘En dochs fyn ik it myn plicht op dy wantastannen te wizen.’ Doe waard him foar de safolste kear it wurd ûntnaam.