Bylage acht
It yntaast is it yngewant (it hert, de longen en de lever) fan slachtbisten.
In liderke is it Delske ‘Sneeuwklokje’. As jo dat net wisten, dan sei it jo dus neat.
Hantsjemieren binne arbeiders dy't eartiids út Tsjutsklân wei nei Noardlân teagen om foar de boeren te meanen.
It lemieren is it oanbrekken fan 'e dei, mei mychhimmels hat it dan ek neat te krijen of it moast al wêze dat dat folkje al by it opkommen fan 'e sinne oan 'e slach giet.
In harkeniel neame wy yn it Noardsk ek wolris kajút, wy bedoele dan in útbousel op it dak fan in paddestoel en soks is min op it iten te struien.
In ferdek is in soarte fan boerekabouterkapwein;
op in skip sille jo him dus net fine. Op in frachtskip soe it al kinne fansels.
In kabouterfaam is in jongfaam dy't op kabouters past. In fammenskabouter is hiel wat oars: it is, of gewoan in kabouterfamke, of in ûngetroude kabouterdochter.
‘een Noorse boterham’ is foar in Dellanner in stik brea en in (twi)bak opinoar, mei tsiis dêrtusken. (Lekker!)
De bloarrejierren binne de jierren fan sa likernôch tsien oant en mei fyftjin jier. Yn 'e midlifekrisis ha jo se dus net.
De Eala Fria Nordena binne De Edele Frije Noardlingen.