Bylage sân
By einsluten is der net stimd. De gefolgen fan sa'n stimming soenen faaks te yngripend wêze. Der waard oan 'e ein fan 'e gearkomste nochris wiisd op 'e mooglikheid om sels stikjes te skriuwen yn 'e taal dy't men sels mar woe. Ien fan 'e oanwêzigen woe it dan mar yn it Sjineesk dwaan. De foarsitter hie gjin bes wier en hammere ôf.