Bijlage fjouwer
Ik tocht, witte jo wat, ik skilje streekrjocht mei Radio Frylân: as dy net wit wat jo mei it winnen fan sa'n spultsje fertsjinje kinne, dan wit gjinien it.
‘Radio Fryslân.’
‘Ik hie in fraach.’
‘Jo wolle meidwaan oan ús spultsje?’
‘Nee... mar.’
‘Jo frou?’
‘Nee dy ek net.’
‘Ien fan 'e bern.’
‘Nee!’
‘Jo skilje foar de buorfou.’
‘Ek mis... ik.’
‘Jo wolle dochs sels meidwaan.’
‘Ja!’
‘Hie dat dan fuortdaliks sein.’
‘Wat kin ik dermei winne?’
‘In cd mei 'It bêste fan Fryslân'.
‘Tankewol, dat wie it.’
‘Tuut tuut tuut...’