Bylage fiif
1. | Iepening. |
2. | Meidielingen en ynkommen stikken. (Der wienen gjin meidielingen en ek gjin ynkommen stikken). |
3. | Notulen fan 'e foarige gearkomste.(Dy binne foarlêzen en goedkard). |
4. | Stikkene strjitferljochting. (Is oan 'e gemeente trochjûn). |
5. | Hûnestront. (Dêr is sawat in healoere oer praat. Elk moast syn strontferhaal eefkes kwyt. De oplossingen rûnen fan: ‘As jo witte of sjogge wa syn hûn it docht, smyt de stront dan by dy lju troch de brievebus’, oant: ‘Wy moatte de minsken wize op har sosiale ferantwurlikens.’ Notulearre is: Yn ‘Om 'e Toer’ sille wy in stikje skriuwe oer de hûnestront, yn it Hollânsk, oars kinne inkeld-Nederlânskta-lige hûnen it net lêze. |
|
|