Bylage trije
Freed 16 novimber 1951. Sa'n fiifhûndert minsken op it Saailân te ljouwert. Al dy lju binne nei Ljouwert tein om te hearren hoe't it Tsjebbe de Jong fan 'e Bolswarder Courant en Fedde Schurer fan 'e Heerenveense Koerier fergean sil by de plysjerjochter. De beide mannen hawwe in sekere Mr. Wolthers, in kantonrjochter, mei fûle stikjes yn har kranten misledige. Dy Mr. Wolthers woe gjin Frysk ferstean yn 'e rjochtsseal, wylst er it wol koe.
‘Officieel versta ik u niet.’
Dat hienen syn wurden west tsjin in fertochte. By de Jong en Schurer foel dat folslein ferkeard en sy skreauwen deroer yn har kranten.
‘In de Middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische bende, die “de Zwarte Hoop” werd genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega's te reserveren.’
Sa skreau Fedde Schurer yn syn krante en dat wie ‘belediging van een rechterlijke ambtenaar in de uitoefening van zijn functie.’
De rjochtssitting wurdt holden yn in fierstentelytse seal, want foar de grutte seal soenen de stookkosten te heech wurde. In ferlechje fansels om mar net in soad minsken yn 'e rjochtsseal te krijen: dy soenen de oarder ris fersteure kinne. De lytse seal kinne mar in man as tweintich yn en dus moatte alle oaren bûtendoarren wachtsje. Binnendoarren seit Schurer yn syn lêste wurd:
‘As myn folk yn syn eare en bestean oantaast wurdt, moat ik it rjocht hawwe en hâlde, it mei de pinne te ferdigenjen. As ik dêrfoar straft wurde moat, neffens in