Bylage twa
Op in kear is kabouter Blaubaltsje syn blauwe baltsje kwyt. Hy siket oeral: thús, op skoalle, op strjitte, yn 'e bosk, mar hy kin it net fine. De oare kabouters gnize him út en ferpoffe it om mei te sykjen.
‘Blaubaltsje sil wol wer in Readbaltsje wurde moatte, krektlyk as wy allegearre,’ roppe se gekoanstekkerich.
Mar dan komme de bisten te help.
‘Hy helpt ús altyd, no kinne wy ek ris wat werom dwaan.’
En it iikhoarntsje siket tusken de tûken.
De njirre noasket yn it hege gers.
De stikelbaarch siket yn 'e greppels.
De houtekster tusken it strewelleguod.
De foks yn it hinnehok.
It knyntsje tusken de koal en it slaad.
It mûske siket tusken de ikels.
De klyster besjocht alles fan boppenôf.
En wa fynt op it lêst it blauwe baltsje? Krekt, de mol, want it baltsje wie yn in gatsje rôle yn 'e grun en dêr botste de mol der mei de kop tsjinoan.
Beppe naait it baltsje wer oan 'e mûtse, no mei izerjern en klaar is Kees, nee klear is Blaubaltsje.