Bylage ien
De slach om Starum op moandei 26 septimber 1345.
Troch ferkearde útlis fan 'e histoaryske boarnen is de slach by Starum troch guon histoarisy ferlein nei Warns. It wie Willem IV lykwols te dwaan om Starum, in grutte en wichtige hannelsstêd.
Yn 1345 fette greve Willem IV fan Hollân en Henegouwen it plan op om Fryslân te feroverjen. Om 't er de stêd Utert net fertrout, dy soe him yn 'e rêch oanfalle kinne, wurdt dy stêd yn 'e simmer fan 1345 seis wiken lang belegere. Hy kin de stêd net feroverje, mar dy jout him al oer en erkent Willem as har hear.
Willem bringt dan syn leger en float oer nei Inkhuzen. De Friezen binne dêr wol mei op 'e hichte en hawwe dan ek wol troch dat der in oanfal komme sil.
Op moandei 26 septimber fart de float oer de Sudersee nei Starum. It doel sil wol west ha om Starum fan twa kanten oan te fallen, want de float is yn twa parten opdield. In lyts part, sa'n 500 man, mei Willem sels oan it haad, giet oan 'e noardkant fan Starum oan lân. It oare part, fierwei it grutste, ûnder oanfiering fan Jan fan Beaumont, in omke fan Willem, docht itselde oan 'e súdkant.
De 500 man mei Willem as oanfierder, wurde fuortdaliks troch de Friezen oanfallen en allegearre deade. De swier harnaste ridders binne nei alle gedachten sûnder har hynders gjin partij foar de Friezen dy't ek gâns manmachtiger binne.
Oan 'e súdeastkant fan Starum wurdt ek omraak fochten.