Soe ik dat no ha moatte?
... dat ik no tink... no ja ik kin wol wat betinke, mar dat hat gjin doel, want ik wit net wat ik der fan tinke moat. Ik betrape my der niis op dat ik my ôffrege: komt dit wol goed? Mei de skriuwer bedoel ik, want dy lit him brûke op in freeslike manier.
En wat moat ik no fierder mei dy Gerlsma? Earst hie ik meilijen mei him en letter hie ik dat ek mei dy oare beide mannen. Wylst sy oranjekoeke sieten te iten en sûnens dronken, koe ik noch gjin koekje troch de strôte en gjin proast oer de lippen krije. Slokke moast ik omdat ik wist hoe't it mei de mannen ôfrinne soe. Sels wisten se noch fan neat tocht ik. En no docht bliken, dat se it krekt wisten, dat se mei har trijen de regisseurs west hawwe fan har eigen dea. De skriuwer hat him regissearje litten, is deryn trape. En dat is al eefkes wat oars as yn in hûnekeutel. Ik hoech hielendal gjin meilijen mei de mannen te hawwen. Sy hawwe wittens en mienens, ek al wienen se sels slachtoffer, in minne rol spile. Sy hawwe de skriuwer, mei as argumint it doel hilliget de middels, sûnder skrupules op it offerblok lein fan har ideeën. En hy hat him dêr sûnder wjeraksel op lizze litten. De skriuwer is in kloat. Hy kin no wol tinke dat de moard net útkomt, mar dêr koe er him wolris nuver op fersjen. Alberda, Bottema en Casimier kinne op dit stuit dan wol fêst sitte mei har ûndersyk, mar dy mannen binne net gek, se hawwe eagen yn 'e holle, se kinne lêze. Krispianus wat is de skriuwer in kloat! Hy set de hûnen op it eigen spoar. Ha wy hjir te krijen mei in seldsume foarm fan masogisme, of in oar -isme? Fragen dus. En ik soe net freegje, ik soe alles oer my komme litte. Dat sil ik dan ek