| |
| |
| |
Tweintich
‘Kom der mar yn, wy sieten al op jo te wachtsjen. Jo binne net betiid. Wy seinen al tsjin elkoar: soe er noch wol komme.’
It wie sa, ik wie let, mar net te let fan hús gien. Eefkes bûten it doarp hie ik de auto stilset. Sil ik al, sil ik net? Tusken dy beide fragen fleagen myn tinzen hinne en wer en op 'e hinne- en op 'e weromreis bleauwen se hjir en dêr eefkes heakjen op in steal oare fragen.
- Wat wit ik no eins fan dy Pier Gerlsma?
- Wat wit hy fan my?
- Wat wol er fan my?
- Doocht it allegearre wol?
- Wat hawwe dy oaren dermei te krijen?
- Wa soene dat wêze, dy oaren?
Der wie fansels mar ien manier om op dy fragen in andert te krijen. Derhinne!
‘Sil ik jo jas mar eefkes oankrije? Goede reis hân? Reint it ek noch? It wol net echt mei it waar. De wyn sit yn 'e ferkearde hoeke. Koene jo it wat fine?’
Wat docht er drok, dy Pier Gerlsma.
‘Kom fierder.’
Yn 'e keamer sitte twa manlju. Gerlsma makket har bekend: ‘Sjouke Rypkema, Kees Jukkema.’ In hege tafel, fjouwer stuollen der omhinne. Ik meitsje it kwartet fol. Mear wurde der dus net ferwachte!
‘Kofje? Wy ha ek noch neat hân. Wy sille mei de kofje mar op him wachtsje, seinen wy.’
Op in theetafeltsje stiet alles al klear. Fjouwer kofjekommen, in bekerke mei fjouwer leppeltsjes, in skaaltsje mei
| |
| |
sûkerklontsjes, in kantsje mei molke en fjouwer gebakskaalsjes op in blêd.
‘Ek in stikje oranjekoeke? Dy haw ik salang noch mar eefkes yn 'e kelder stean litten.’
Gerlsma giet derút om de oranjekoeke op te heljen. Hy nimt it blêd en de gebakskaaltsjes mei. En dan sit ik poerallinne mei Rypkema en Jukkema. In âlderwetske Fryske stuoltsjesklok besiket wat oan de stilte te dwaan.
‘Al wat fûn?’ falt Jukkema de klok by.
‘Gerlsma fertelde dat jo in aaisiker wiene,’ helpt Rypkema Jukkema en de klok.
‘O, bedoele jo dat. Ja, ik ha al wat fûn. Fjouwer om krekt te wêzen, twa ientjes en in twake.’
‘Hjir yn 'e omkriten?’
‘Gjin lêst hân fan krityske boeren?’
De mannen nokkerje. Gerlsma hat se goed foarljochte. Sy witte mear fan my as ik fan har. Sy hawwe in foarsprong op my. Noflik fiel ik my dêr net by. Stilte. Op 'e klok nei.
‘Dus fjouwer.’
‘Ja fjouwer.’
‘Soa fjouwer.’
Stilte.
‘Eins bin ik mei ien of twa al tefreden. Mar ik woe myn nije krite wat better ferkenne.’
‘En doe fûnen jo noch in pear.’
‘Krekt.’
‘En dy kinne jo fansels net lizze litte.’
‘Wat net kin...’
‘Mar dat dogge jo net, midden yn 'e aaisikerstiid, dan nimt in oarenien se mei.’
‘Krekt.’
| |
| |
‘Ja, Gerlsma sei al...’
Gerlsma komt der wer yn, it blêd yn 'e hân. Op 'e skaaltsjes lizze no stikjes oranjekoeke en der stiet ek in kom mei slachreamme op.
‘Nim my net kwea ôf, it duorre eefkes. Ik moast de oranjekoeke noch snije. Ik miende dat de frou dat al dien hie. Jimme koenen it wol pratende hâlde?’
De stuoltsjesklok besiket andert te jaan. Gerlsma nimt it rillegau fan him oer.
‘Jo gjin sûker. Ja dat wit ik noch. Wol slachreamme?’
Ik knik.
‘Jo sille wol tinke, soe der wat te fieren wêze.’
Ik knik wer.
‘Oan 'e iene kant al, oan 'e oare kant net. Dat heart wat nuver, mar it sil jo wol dúdlik wurde.’
It is oan Jukkema en Rypkema te sjen, ek al sizze se neat, dat se it dermei iens binne.
‘Al rint de wrâld op 'e non, salang as it noch kin, sille wy de ribben noch mar eefkes wat skoarje. Ha ha.’
‘Ha ha.’
It is út fatsoen myn laitsjen. Der is neat grappichs oan 'e sitewaasje. It hat allegearre wat fan in spul, in skaakspul. Bin ik oan set?
‘Rint dy dat dan?’
‘Jo bedoele...’
‘Jo seinen dat de wrâld op 'e non rûn.’
‘Sa mâl is it no ek wer net. Mar, mei Fryslân komt it net goed. Foardat wy dêr fierder oer prate, sil ik de beide mannen noch wat better oan jo bekend meitsje. Sjouke Rypkema, de man fan it Komitee Kneppelfreed. No ja dat wie er. De wacht is no oernommen troch oare lju, jongere,
| |
| |
mar oft se wol goed wacht rinne... En dan Kees Jukkema! Hy wie de man fan 'e Friezetsjerke yn Rome. Seit jo dat wat? Ik bedoel Kneppelfreed en de Friezetsjerke?’
‘Ik ha der wolris wat oer lêzen.’
‘Moai sa. Dan witte jo no út hokker rûnte de mannen komme. Dy fan my hawwe wy it al oer hân. En dan is it no tiid foar kofje mei oranjekoeke.’
Gerlsma lit it foarkomme as hat er dêr alle tiid foar, mar syn kofje slokt er mei in pear swolgen nei binnen en ek de oranjekoeke kriget gjin tiid om kâld te wurden, fiif happen, fuort is de koeke. Ik ha wol alle tiid, fan my wurdt op dit stuit neat oars ferwachte as konsumpsjegedrach, konsumpsje fan kofje, oranjekoeke en wurden. Ek Jukkema en Rypkema dogge it mei de iterij en drinkerij wat kalmer oan as Gerlsma. Se hawwe him blykber ta earste wurdfierder beneamd.
‘No dan, ik sei niis al, it komt net goed mei Fryslân.’
Eefkes eachkontakt mei de oare mannen. Goedkarring blykber.
‘Net goed mei Fryslân, net goed mei de Friezen, net mei it Frysk. Dat lêste ha wy as ús terrein adoptearre. Wy binne fan betinken dat as it goed mei it Frysk giet, it mei de rest ek better gean sil. Sûnder in eigen taal gjin Friezen, sûnder Friezen gjin Fryslân. Us taal giet stadichoan nei de barebysjes. Hy fersuteret, ferhollânskt, feringelskt! Net allinnich yn wat wurden, ek yn it idioom en sels yn 'e syntaksis. As it sa trochgiet, is ús lytse moaie taal foar de dea opskreaun.’
Pier Gerlsma hâldt him stil en sjocht nei Sjouke Rypkema. Dy hat de kofje op en de oranjekoeke behimmele. Hy nimt it fan Gerlsma oer. Ofpraat? It kin hast net oars.
| |
| |
‘Alles moat hjoed de dei yn it grut. Bedriuwen moatte grutter, banken moatte grutter, skoallen moatte grutter, de lânbou moat grutter, beslaggen fee moatte grutter. Grinzen moatte ferdwine, want dêrmei kin de hannel grutter wurde. Yn dat fergruttingsproses past in lyse taal net sa bêst mear. Ien grutte ienheidstaal is better, ekonomysker. In lytse taal der op neihâlde kostet jild. Om grut te wurden moatte jo gjin jild fergrieme oan saken dy't net ta de saak dogge. Wy wolle tsjin dat tinken wat tsjinwicht biede. Wy wolle wer in ferlytsingsproses op gong bringe: dêr is de gewoane man mei holpen, dêrmei hat er faaks noch in lyts kânske op wat lok. Us lytse taaltsje, dêr wolle wy ús foar ynsette.’
It is in estafette wurden. Rypkema jout it stokje oer oan Jukkema.
‘No soenen jo sizze kinne, wa't syn taal nei de ferdommenis gean litte wol, bêst. Mei keunstmiddels kin men in taal net yn libben hâlde. Lit de natoer syn gong mar gean. Wat stjerre wol dat stjert mar.
Jo soenen jo ek ôffreegje kinne: Friezen, wat binne dat? Dy pear minsken? Sis no sels, wat is no in goed heal miljoen minsken, dy't tafollich yn it fjouwerkant Dokkum-Harns-Starum-Appelskea wenje? Eartiids wennen de Friezen by de hiele Noardseekust lâns. Yn 'e rin fan 'e tiid binne in soad Friezen opgien yn oare folken en hawwe dêrmei har eigenheid ferlern. Leit it net yn 'e rin fan 'e skiednis besletten dat soks no ek mei dy lêste pear Friezen bart?
Jo soenen it ek noch sa sizze kinne: is der eins wol in Frysk folk? Wat binne de skaaimerken fan in folk en foldogge de Friezen dêr oan? Moat in folk in eigen lân ha? Mei ien him ta dat folk rekkenje as er dêr wennet, of moat
| |
| |
er dêr ek noch berne wêze? En de heit en de mem dan? En de pakes en beppes? Meie dat, ik neam mar ris wat, bygelyks wol Brabanders wêze? En hoe sit it mei de taal? Moat men, om ta it Fryske folk te hearren, Frysk prate, is allinnich Frysk ferstean wol foldwaande, is inkeld posityf stean foar it Frysk oer wol goed genôch? Of is elk dy't himsels mar Fries neamt in Fries? Gâns mooglikheden dus, tusken etnicisme, nasjonalisme en praktisisme yn.
Jo soenen it ek noch sa sizze kinne: Fryslân is net oars as in wingebiet foar Hollân. Dat wie yn 'e Frânske tiid ek sa. Amsterdam hannele mei de rest fan 'e wrâld en dêr moasten wy it fan ha. Fryslân wie foar Hollân net oars as in wingebiet foar agraryske produkten en turf. En dat de lju dy't dêr wennen wat oars praten, dat dienen se dan mar yn har eigen tiid, dat wie bêst salang as in oar der mar gjin lêst fan hie. Wy wienen in soarte fan Hollânske ienheidssteat, mei in yntern ymperialisme foar de rânegebieten oer. Omwille fan de ienheid betochten se in nije namme: Nederlân. Yn Fryslân sitte wy noch altyd oantangele mei dat Hollânske ymperialisme: lju fan 'e oare kant fan 'e Ofslútdyk prate neffens ús Hollânsk en gjin Nederlânsk. Eins binne wy noch altyd wingebiet foar Hollân, no op it mêd fan toerisme en rékreaasje.’
Jukkema hâldt op. It ferhaal is noch net út, mar hy hat syn part fan 'e estafette run. It stokje moat wer oerjûn wurde. De mannen hawwe it goed taret. Gerlsma is wer oan bar. Mar dy hâldt eekes yn.
‘Wa wol der noch kofje? Troch al dy praterij binne wy oan in twadde bakje net iens takaam.’
En wylst er mei de kofje rêdt, sjogge de oaren my oan. In bytsje frijbliuwend sa liket it, in bytsje neatsizzend. Mar
| |
| |
dat is skyn. Ik fiel it. Wolle se my hifkje? Mar wêrop? Ik wit noch net iens wêr 't se hinne wolle.
De kofje is ynskonken. Gerlsma kin wer los. Naadeas giet er fierder.
‘No soenen wy sizze kinne, it Fryske folk is ferwurden ta in folk fan kloatsekken, soksesen en moksissen, koalommen en omkoallen dat gjin eigen taal mear wurdich is. Mar dat sizze wy net, wy ha noch betrouwen yn it Fryske folk, wat dat dan ek mar wêze mei. dat folk moat neffens ús in pjuk ha dy't der sa ynpjukt, dat it wer nije kriich kriget, dat it wer âlderwetsk dwars en ferkeard wurdt, dat it him de wet net mear stelle lit troch wa dan ek: Hollanisten, Europisten, Ekonomisten en wat foar “isten” dan ek. Der is mar ien pjuk neffens ús dy't echt helpe sil: it Frysk moat ferbearn wurde.’
Hè hè, dat is der út, sa sjogge se my alle trije oan. En alle trije ha se no ynienen tiid foar it twadde bakje. Ik haw it al lang op. Myn tiid om in eintsje te draven?
‘Ferbiede?’
‘Ja!’ (Gerlsma).
‘En dat sil helpe.’
‘Jawis wat oars!’ (Rypkema).
‘Soenen in hiel soad Friezen dêr net bliid mei wêze?’
‘Krekt oarsom tinke wy.’ (Jukkema).
‘En wa sil it Frysk dan ferbiede moatte?’
‘Ek dêr ha wy om tocht. (Gerlsma wer). Mar wy binne no earst oan in slokje ta. Wat mei ik foar jimme ynskinke?’
Op nei de finale! Winner of ferliezer, der sil op dronken wurde!
‘No sûnens!’
‘Sûnens!’
| |
| |
‘Sûnens!’
‘Sûnens!’
‘Yn 'e Steaten,’ Gerlsma is der wer klear foar, ‘sil op dit stuit gjinien te finen wêze dy't de skiednis yn wol as de man of frou dy't de Fryske taal om hals holpen hat. Anty's by't sekfol, mar dy binne noch net safier as wy har hawwe wolle. Sille de anty's oer de streek, dan moatte se it idee hawwe dat der gjin gefaar bestiet foar it besmodzjen fan eigen namme. Ek al is de fiertaal yn 'e hús by in soad Friezen al Hollânsk, ek al wol hast elkenien wol ûnder it ferplichte Frysk út, ek al binne ûnnoazele Fryske plaknammebuordsjes net iens mooglik, ek al kin it Frysk de measte minsken gjin kloaten skele, ek al kinne wy noch net iens ien lullich lyts Frysktalich wykbledsje yn stan hâlde, dan noch sil der op dit stuit gjin Steatelid te finen wêze dy't it near op it Frysk lizze wol op dy plakken dêr't in oerheid dy macht hat.
Mar, tink jo no ris yn dat der yn Fryslân immen fermoarde wurdt, deasketten. Gjin gewoane Fries, mar in echtenien, in Djipfries. En tink jo no ek ris yn dat der amperoan reaksje komt út 'e rûnten fan 'e Djipfriezen. Gjin komplottéoryën oer moard mei opsetsin troch it Anty-Fryske-Kamp, nee, it bliuwt stil, deastil. En tink jo no as lêste dit ek noch ris yn: it bart net ien, mar trije kear, it âlde skippersrjocht dus. En sels nei dy tredde moard bliuwt it stil. Soenen der dan yn it Anty-Fryske-Kamp gjin stimmen opgean dy't sizze: it is safier, se ha gjin kriich mear, se jouwe belies.’
Gerlsma hâldt op. Hy slokt. Ek de oaren sizze neat. De stuoltsjesklok lûkt him nearne wat fan oan. Bûtendoar wurdt in auto start. Yn it efterhûs slacht in doar. Op tafel
| |
| |
stean fjouwer healfolle romers. It is wol dúdlik, no wurdt der wat fan my ferwachte.
‘En dy,’ hâld ik mysels en de oaren foar de gek, ‘dy trije slachtoffers sil ik mar sizze, dy ha jimme al op it each?’
Se knikke. Jukkema nimt it wurd.
‘Dy trije ha wat foar de goede saak oer.’
‘Mar, foar de earlikens,’ follet Rypkema oan, ‘dy trije binne ek gaadlike slachtoffers.’
‘Gaadlik omdat...’
‘Omdat se al op 'e list steane sil ik mar sizze.’
‘En..., en de útfierder fan jim plan,’ hâld ik mysels en de oaren noch mar ris foar de gek, ‘dy ha jim ek al op it each?’
Se heffe it glês.
‘Proast,’ sis ik, want sûnens wol my op dit stuit net út 'e strôt.
‘Proast!’
‘Proast!’
‘Proast!’
| |
| |
|
|