Soe ik dat no ha moatte?
... dat ik no tink: hat dat mearke op dit stuit, hjirre yn dit boek wol doel? Ik ha fansels maklik praten, want witte jo noch wol wêr't ik myn eardere ynbraak mei ôfsleat? No dan, ik sei doe: ek al sil de skriuwer der aanst samar sûnder oanlieding wer in mearke yn smite, mei dit boek komt it grif wol klear. Mei oare wurden: sa tink ik net en mei wer oare wurden: ik ha noch altyd it folste fertrouwen yn 'e skriuwer. Oft jo dat ek hawwe moatte jo sels mar witte en jo moatte ek sels mar witte oft jo wol fertrouwen yn my hawwe. Jo witte it, skuorren stiet frij. Dat ik my der sels net út skuor sille jo faaks wol billikje kinne. Goed, ik jou my oer oan dit boek en ik ha der alle betrouwen yn dat my oan 'e ein alles wol dúdlik wurde sil. Is dat net it gefal, ik sil net te beroerd wêze en freegje mysels ôf: soe it ek oan my lizze kinne?
Dat mearke ha ik mei nocht lêzen, mar ik fyn dy Quirinus wol wat in nuvere kabouter. Ien mei in frjemde fantasije bedoel ik. Hoe komt er der by, taalbetizing feroarsaakje yn in fabryk fan pôtiten mei as doel kabouters útfine te litten dat se elkoar noadich ha. Mar, lit ús earlik wêze, wy kinne fan dy kabouters in soad leare.
Hawar, wy sille Quirinus no mar eefkes by de kabouters litte en him ynruilje foar in minske; Gerlsma haw ik op it each. Wat is dy man noch opsternaat. Sa lyk foar syn dea, bedoel ik. Mar ja, dat dy sa tichtby is, kin hy net witte. Ik wit it wol en ik moat dêr hieltyd oan tinke as ik him sa fûl oan it redendielen hear. Do hast gelyk tink ik dan, dat kinst fan my ek wol krije, mar do silst der sa'n bytsje mear oan ha. O ja, ik fyn de skriuwer mar wat sleau op dit stuit. Dat