| |
| |
| |
Njoggentjin
Der wie ris, hjir hiel fier wei, in kabouter. Quirinus hiet er. In ûntefreden kabouter, dy Quirinus, ûntefreden oer de ûntjouwing fan 'e kaboutermienskip. Temin mienskipssin en tefolle ik-sucht, neffens him. En dat wie kabouters eins net eigen. Beuzige baaskes en wrottende wyfkes, wienen it fan âlds, gauris yn it spier foar oaren dy't yn it ûnleech sieten. Hoe koe it no sa komme dat: ‘Soenen jo my eefkes helpe kinne?’ feroare wie yn: ‘Ik bin dyn iikhoarntsje net wol!’ en dat men wat langer wat mear hearde: ‘Ik haw neat mei dy oan'e puntmûtse.’
It ferûntkabouteringsproses fan 'e maatskippij, fûn Quirinus, wie dêr mandélich oan. Kantoarkabouters bygelyks sieten mar wat efter har kompjûters en hienen de oare burokabouters neat te sizzen en noch minder te freegjen. Hienen se dat in inkele kear al, dan dienen se it net rjochtstreeks, nee se brieken yn yn it kompjûterbestân fan har buorburokabouter en fregen sa beskie.
Lânkabouters bewurken iensum en allinnich harren skaalfergrutting mei hieltyd gruttere masines en kamen omtrint gjin oare lân- of túnkabouters mear tsjin.
Fabrykskabouters sieten mei de earkleppen, of mei de walkman op yn har eigen ôfsletten wrâldsje by har eigen lyts stikje fan it produksjeproses.
Winkelkabouters raamden it guod oer in streekjeskoadelêzer hinne om de winkelkfiles de baas te bliuwen en yn dy files seach men kabouterwyfkes, kabouterwiven kin men better sizze, elkoar oan kant reagjen.
Fan hegerhân waard it ferûntkabouteringsproses, as gefolch fan skaalfergrutting, as gefolch fan ekonomysk
| |
| |
tinken, oan alle kanten stimulearre. Der wie sels in offisjele namme foar betocht: it boskmodel. Yn dat model waard de kabouterfersoargingssteat stadichoan ôfbrutsen en feroare ta in kabouterfersekeringssteat. Elke kabouter moast himsels mar, binnen it ramt fan eigen mooglikheden, fersekerje tsjin libben en dea, tsjin sykte, kreupelens fan lichum of geast, âlderdom, wurkleazens en de gefolgen fan kabouterkriminaliteit, want ek dat stiek de kop op. Wa't him te leech fersekere hie, of by krapte oan spikers wol te leech fersekerje moast, hie deagewoan pech hân. Produksje en konsumpsje wienen de biedwurden wurden fan 'e kaboutermaatskippij. Om bar wienen se produsint en konsumint. Moarns betiid slokten de fabriken en kantoaren hastige produsinten op; jûns nei it wurk feroaren dy yn like hastige konsuminten. Yn 't ferkear en yn 'e winkels ferkrongen en ferketteren se elkoar want elkenien woe as earste by de buis sitte om ferdivedaasje konsumearje te kinnen. Der hie alris in skriuwkabouter west dy't oer it feroaringsproses yn 'e kaboutermaatskippij in boek skriuwe woe mei as titel: ‘Hoe't God ferdwûn út Kabouterlân’, mar omdat kabouters gjin God hawwe, koe fan sa'n boek neat ynkomme.
It is wol dúdlik, kabouter Quirinus hie net in fleurich byld fan 'e ûntjouwings yn 'e kaboutermaatskippij.
‘Wy kabouters libje wat langer wat mear by elkoar del,’ betocht Quirinus, ‘en dat is mis, dêr moat feroaring yn komme: wy moatte wer ynsjen dat wy elkoar wiswier wol nedich hawwe.’
En mei't Quirinus dat allegearre betocht, betocht er ek in plan om ien en oar te feroarjen. Om dat plan te begripen, moatte wy lykwols earst noch wat witte fan Quirinus syn
| |
| |
ûnderfinings út eardere tiden.
Hiel lang lyn, yn syn wyldehierre- en wyldejierretiid, hie Quirinus de kabouterwrâld ek alris te benearjend fûn. Doe hie syn reaksje oars west as no. No bliuwt er thús en wol dêr de wrâld ferbetterje, doe naaide er út om himsels te ferbetterjen. Oars as oars dus, dy Quirinus, oars as de oare kabouters: dy wolle op jonge leeftyd de wrâld ferbetterje en leauwe it letter wol.
Hawar, Quirinus soe yn syn jongkaboutertiid wolris eefkes nei de minskewrâld ta: dêr wie de ferbettering te finen. Hy bûn in reade bûsdoek mei wat itensguod, wat klean en wat rêding oan in stôk en sette de stap deryn. It wie in hiel ein, want de minskewrâld en de kabouterwrâld leit, alteast foar kabouters, in hiel ein útinoar.
De minskewrâld foel him ôfgryslik of. Ien grutte gekkeboel dêr: fleane, drave, jeie, jachtsje. Alles moast hurd en yn it grut. Gjin each mear foar de lytse dingen en dus foar in kabouter alhielendal net. Wurk foar him? Hoe soenen se no wurk ha foar ien dy't se net iens seagen! Hy moast him rêde mei wat de minsken fuortsmieten oan ytbere en brûkbere waar. No wie dat gjin probleem, want it wie by de minsken ien grutte fuortsmytmaatskippij. Fan 'e honger kaam Quirinus dus net om. Mar, it sil wol gjinien fernuverje dat hy net oer dy minskemaatskippij koe, in maatskippij mei mear byferskynsels as gewoane ferskynsels. Quirinus gong dan ek mar gau werom nei kabouterlân om dêr te sjen en te ûndergean dat it minskinisme, nettsjinsteande de ôfstân, stadichoan oerwaaide.
Yn 'e koarte tiid dat Quirinus yn minskelân ferkearde, hie er op in kear yn in grut boek wat lêzen dat him bybleaun wie:
| |
| |
‘1. Alle minsken hienen ien taal en brûkten deselde wurden. 2. Wylst se it easten yn trieken, fûnen se in leechflakte yn it lân Sjinear en dêr setten se har nei wenjen. 3. Doe seinen se tsjininoar: Kom! Lit ús tichelstien meitsje en dy goed trochbakke. De tichelstien wie har boustien en it asfalt wie har speesje. 4. En hja seinen: Kom! Lit ús in stêd bouwe mei in toer dêr't de spits fan yn 'e himel rikt en lit ús ússels in namme meitsje. Oars koenen wy ris fersille reitsje, de hiele wrâld oer. 5. Doe kaam de Heare del om de stêd en de toer dy't de minskebern makke hienen, te besjen. 6. En de Heare sei: Sjoch hja binne ien folk en hawwe allegearre ien taal. Wat se no dogge, is noch mar it begjin: skielk sil har neat mear ûnmooglik wêze fan alles dat se fan doel binne. 7. Kom, lit ús delkomme en dêr har taal betiizje, dat de iene de oare syn taal net mear ferstean kin. 8. Sa ferstruide de Heare har dêrwei de hiele ierde oer en hja hâlden op mei de stêd te bouwen. 9. Dêrom wurdt dy stêd Babel neamd. De Heare hat dêr ommers de taal fan 'e ierde betiisd en dêrwei hat de Heare har de hiele ierde oer ferstruid.’
Quirinus hie it idee wol grappich fûn: taalbetizing brûke om minsken mei te manipulearjen. Letter hie er der noch wolris eefkes op trochfilosofearre. As kabouters elkoar net begripe, dan tinke se oars as de oaren en prate se oars; dan is har taal net deselde. Wolle jo krekt oarsom, dan moat der foar in gelikense taalgolflingte soarge wurde. Hy hie ek wolris stikem tocht: dat der yn 'e minskewrâld safolle talen bestean, dêr hat, wat minsken de Heare neame, sels foar soarge. Is it dan net nuver dat der gjin sekte bestiet dy't mei hillich fjoer it behâld fan alle talen neistribbet, te begjinnen mei de eigen taal? Sa fan: wa't syn taal fersloere lit, lit de
| |
| |
Heare fersloere!
Mar ja, dat tinkt Quirinus mar en Quirinus is mar in kabouter en kabouters hawwe gjin ferstân fan Hearesaken, want se hawwe net iens in Heare. Lykwols, Quirinus hie al oppakt út it ferhaal dat mei taal te manipulearjen is. Syn plan om de kaboutermaatskippij mei te feroarjen wie dêr dan ek op basearre: wolle jo kabouters ynsjen litte dat se elkoar noadich ha, betiizje har taal! Quirinus hie net, sa't wy al witte, in Heare ta syn foldwaan dy't it wol eefkes foar him regele. Nee, hy moast it allinnich oprêde. Hy woe ek net in folsleine betizing. Gjin straf, mar betterskip! Mei in lytse tydlike betizing soenen by de kabouters faaks de skilen wol fan 'e eagen falle. En sa die Quirinus yn 'e fokseklub syn ferhaal:
‘Wy moatte,’ sa sette er útein, ‘wat ekonomysker mei ús taal omgean.’
Soks woe der by de fokseklub wol yn. It wurd ekonomysker hie dêr in útstrieling fan komsa. Quirinus hie dat wurd dan ek mei soarch útkeazen foar syn iepeningssin. Dêrmei koe er tefoaren komme dat se him yn 'e bek begongen te hingjen. Hy krige gelyk en drystmoedich gong er fierder:
‘Ik bedoel dit: as ik it oer mysels ha, brûk ik it wurd ik. Haw ik it oer ús allegearre dan brûk ik wy. Dêr is gjin neil tusken te krijen. Ien ik is earste kabouter iental, twa of mear ikken is earste kabouter meartal. Dy earste kabouter, ik dus of wy, hawwe wy fierwei it measte mei te krijen. No binne der fansels ek noch twadde en sels tredde kabouters. Mar, mei it ik-gefoel en it wy-gefoel kinne wy wol ta. Wat moatte wy dan noch mei in twadde kabouter en in tredde kabouter, mei in do of mei in hy? As dy do en dy hy by ús hearre, dan falle se ommers ûnder wy. Mei dy twadde en
| |
| |
tredde kabouters fergrieme wy in soad enerzjy.’
It waard wat ûnrêstich by Quirinus syn taharkers. Se hienen gjin nocht oan dy téoretyske harsenskraberij en boppedat se wienen it wol mei him iens: fergriemenj fan enerzjy, dat koe gjin kant út, dêr moast wat oan dien wurde. Boppedat, se hienen mear sinnichheid oan in glês ikelsjampanje as oan in wiidweidich ferhaal oer earste, twadde en tredde kabouters. Quirinus hie it wol yn 'e rekken en kaam dan ek rillegau mei it útstel dêr't syn plan op basearre wie.
‘Ik stel út dat wy moarn de twadde en tredde kabouter út ús taal skrasse. De wurden do, sy, hy, it, jimme en oanswettende wurden lykas dy en dines, him en sines, har en harres, jimme en jimmes en sa kinne wy wol misse. En dêrmei ha wy de ekonomy fan ús taal en dus ek fan ús bedriuwslibben in fiks ein ferbettere.’
De foarsitter liet stimme mei fingeropstekken.
‘Wa is foar?’
In bosk fan fingers skeat omheech.
‘Tsjin?’
Gjin fingers.
‘It foarstel fan Quirinus is mei algemiene stimmen oannommen.’
Hammerslach.
Applaus.
Yn it fabryk fan prefabrisearre pôtiten fan ikeltsjes mei poddestuoltsjes yn blik, begjint de dei wat oars as oars. Alle kabouterprodusinten en produsintstypjenden moatte yn 'e kantine komme. De kabouterpresidint-produsint hâldt in taspraak. ‘It giet om twa saken, de ekonomy fan ús taal en it ik/wy- | |
| |
gefoel fan ússels en yn beide gefallen komme dy ús bedriuw te'n goede.’
De taspraak fan 'e presidint-produsint is grif tige ynteressant en wy soenen dy ek wol yntegraal oanhearre kinne, mar wy hawwe it ferhaal fan Quirinus al heard. Dus, om reden fan ekonomy, kinne wy mar better nei de ein fan 'e taspraak harkje.
‘Foardat wy oan it wurk geane, drukke wy dus earst op “delate” foar alle twadde en tredde kabouters. En dêrmei haw ik it sein. Oan it wurk!’
Yn 'e produksjehal draaie eefkes letter de masines wer op folle toeren. Nei ferrin fan tiid haperet der wat by de mjuksmasine. De mjukser set it ding stil. Al gau hat er yn 'e rekken wat der mis is. In ferstopping: tefolle ikeltsje- en temin poddestuoltsjesmoar. Allinnich kin er de stoaring net ferhelpe.
‘Wolle wy eefkes helpe?’ ropt er nei de kabouter fan 'e ikelskylmasine.
Dy wipt de eardopkes omheech.
‘Wat sizze wy?’
‘Wy sizze, wolle wy eefkes helpe!’
‘As wy dat wolle, dan binne der mear as genôch, dan hoech ik der net mear by te poathâlden,’ ropt de ikelskiler en lit de eardopkes wer falle.
De ploechbaas komt derby.
‘Dy masine moat as de miter wer oan, oars is der aanst gjin tafier genôch mear en jouwe ek de oare masines it oer.’
‘Ja, mar wy wolle net helpe,’ ropt de mjukser en wiist op 'e ikelskiler.
Dy lit him net oanwize.
| |
| |
‘Hy kin om my yn it pôtiten sakje,’ woe er roppe, want ‘Wy kinne om my wol yn it pôtiten sakje’ kin al min sein wurde, mei't er sels gjin sin hat om yn dy smurry wei te sakjen en dus seit er it mar yn 'e hjittende foarm: ‘Sakje yn it pôtiten!’
Der falt der in stilte yn 'e hal. Alle masines ha der de automatyske brui oan jûn. De tafier fan pôtiten hat te lang stûke.
‘Wat sille wy no ha,’ alet de ploechbaas mei in hege stim, as moast er noch oer it lûd fan 'e masines hinne âlje. Dêr komt noch by, hy fielt him op syn pikje trape en dan begjint men ornaris lûder en heger te praten. ‘As der kommandearre wurde moat sil ik dat wol dwaan.’
Yn it kantoar hawwe se ek foar it ferstân krigen dat der wat te rêden is yn 'e hal. De presidint-produsint himsels ferskynt op 'e wurkflier.
‘En?’
Hy sjocht freegjend nei de ploechbaas.
‘Wy ferdomme it.’
Hy wiist op 'e ikelskiler en de mjukser, sjocht ynienen it healwize fan syn wizen, yn ferbân mei syn sizzen yn en hâldt him dan ek mar stil. De presidint-produsint fersjit fan kleur.
‘Wy ferdomme it?’ freget er, as hie er it net goed ferstien.
‘Ja,’ seit de ploechbaas.
‘Nee!’ ropt in oarenien, ‘wy net, mar wy wol.’
Hy heart syn eigen healwize praat en ferbetteret: ‘Ik net mar wy wol.’
Dan seit er neat mear. In persoansbetizing fan jewelste dus.
| |
| |
‘Stop,’ ropt de presidint-produsint in bytsje oerstallich want alles leit al stil en elkenien is al stil, ‘wy laskje in ekstra stop yn. Allegearre nei de kantine. Wy krije in beukenútkroket fan 'e saak mei in gleske kastanjetee.’
Sels draaft er nei de telefoan om Quirinus op te skiljen. Dy hat lykwols gnyskjend de hoarn fan 'e heak lein. Syn plan wurket. Dan besiket de presidint-produsint in oare presidint-produsint op te skiljen, mar hy kriget yn petear, want alle presidint-produsinten besykje op itselde stuit elkoar op te skiljen om rie, want oeral hat persoansbetizing en dêrmei produksjestoaring en produksjestop taslein.
Men kin fan tinken wol ha, dat it op in ‘escape’ útrûn. De twadde en tredde persoanen waarden sa gau mooglik opnij ynfierd. Alle earste kabouters hienen wol troch dat se net bûten in twadde kabouter koenen en mei har beiden hienen se wol yn it snotsje dat se it sûnder in tredde kabouter net oprêde soenen. Sa krigen se wer wat each foar elkoar. En sa koe it ek wer barre dat as yn in winkel de iene sei: ‘Gean jo mar foar’, de oare andere mei: ‘Nee, jo earst mar’ en dat se dan hieltyd efterinoar stean gongen om elkoar romte te jaan, sadat der moai romte kaam foar in treddenien om yn alle rêst en kalmte de boadskippen te beredderjen en ôf te rekkenjen.
En oft Quirinus-en-dyen noch lang en lokkich libben? Ik soe it net witte, want ik haw al hiel lang neat mear fan har heard.
|
|