Shit my mar lek
(1998)–Meindert Bylsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 136]
| |
Achttjin‘Ik wit eins net hoe't ik begjinne moat.’ Pier Gerlsma komt oerein. In ein fierder sjit in roek oer it fjild. Unstjoer by de fûgels, ûnstjoer by Gerlsma, mar dat komt net fan 'e fûgels. ‘Wat is der ferdomme mis,’ barst er ynienen los, ‘mei ien dy't opkomt foar in lytse kultuer, foar de taal dêrfan, it iennichste dêr't sa'n kultuer him noch yn ûnderskiedt fan 'e gruttere kultueren om him hinne, dy't him bytsje by bytsje oan it opfretten binne? Wat is der mis mei ien dy't noed stiet fan en dus ek rjochten opeasket foar it eigene fan in lytse groep? Wat is der mis mei ien dy't fan lju om utens, dy't har yn dy kultuer nei wenjen sette en dêr in bestean yn fine, te freegjen om har in bytsje oan te passen oan it eigene fan dy lytse kultuer? Wêrom wurdt sa'nent fersliten foar in healwizeling dy't oerdriuwt, foar in nasjonalist mei in luchje?’ Hy sjocht my oan. Benijd wat syn wurden by my dogge? Ik sis neat. ‘Och,’ seit er dan, ‘ik hoech ek net oer in ûnbeskate persoan te praten as ik mysels bedoel. Dat hienen jo al lang yn 'e rekken: dy stjonkende nasjonalist, dy healwizeling bin ik.’ Grôtfol sit er. Hy wol der noch folle mear útsmite. Hy kin hast net wachtsje en dochs docht er dat. Moat ik reagearje? Mar hoe dan? Hifket er my? Mar wêr moat ik op hifke wurde? ‘It is te kâld om hjir noch langer stil te sitten,’ seit er dan. Ein fan it petear? Bin it te licht befûn? Mar nee. ‘Ik wit in âlde skûle, net al te fier fuort; eartiids hienen jo | |
[pagina 137]
| |
oeral fan dy dingen yn it fjild. By min waar hie it lânfolk dan in ûntwyk as it te bot waard en de boer net te min wie. Der is no net folle lânfolk mear. De measte skûlen binne fuort, fertutearzge of ôfbrutsen. Dy't ik bedoel skûlje noch wolris wat skiep yn. Wy soenen dêr wol eefkes hinne rinne kinne.’ Ik haw gjin kar: foarst, myn nijsgjirrigens is baas, twad, ik kin dy man net yn 'e steek litte. Hy sit earne mei en hy hat my útkeazen om dat kwyt te reitsjen. It wurdt wat langer wat dúdliker: hy hat op my rûn, net foar neat hie er twa kopkes by him, twa stikjes keek. Dat er soks wol faker die, kofje foar twa meinimme, wie in mennisteleagen: hy woe my earst ôftaaste om te sjen oft ik echt wol in gaadlik slachtoffer wie. Slachtoffer? Hoe kom ik dêr no ynienen sa by! Yn 'e skûle stjonkt it nei skiep. Mar wy binne út 'e wyn. Op in pear striepakken jouwe wy ús del. Bûten roppe de ljippen, mar dy rop is net sterk genôch op dit stuit. ‘Soe't net sa wêze kinne,’ begjint er samar wer, sûnder fierdere ynlieding, ‘dat ien dy't opkomt foar de rjochten fan in minderheidskultuer, dêrmei ek opkomt foar de rjochten fan de mindere man? Dêrmei each hat, net allinnich foar kulturele ferskillen mar ek foar sosiale ferskillen? Ik bedoel mar, soe sa'nien, net boppe it eigen belang útstige?’ Hy praat wer oer himsels yn in ûnbeskate persoan. Hy hat it net troch. ‘Soe sa'nien ek net fierder gean as allinnich mar syn eigen minderheidstaaltsje? Tagelyk ek each ha foar oare minderheden, bedoel ik, wêr dan ek op 'e wrâld? Sis mar fan 'e Welskpraters oant de Thai-Laopraters, fan 'e Sorben | |
[pagina 138]
| |
oant de Maori's! Soe 't net sa wêze kinne dat sa'nien, eefkes ôfsjoen fan 'e manier wêrop't dy minderheidsbelangen befochten wurde of wurde moatte, in echte sosialist is, dêr't ik as in echte grifformearden sa'n wurd om sis? In minske fynt it lok yn lytse rûntsjes, soms mar yn in rûntsje fan twa. Ik bin der wis fan dat sels de presidintdirekteur fan in grutte ynternasjonale ûndernimming yn syn frije tiid pas echt himsels wurdt yn 'e lytse rûnte fan húshâlding, famylje en wat freonen. En fansels by de taal, by it praat, dat by sa'n rûnte heard, it sosiolekt om it mar ris deftich te sizzen. De man dy't deis ynternasjonaal tinkt en praat, is jûns wer de Houtigehaachster dy't seit: ‘No kinne se om my allegearre deafalle heite, jou my no mar in fleske bier en hoe hawwe de mannen spile?’ En mei de mannen bedoelt er dan net de Ajaxspilers, mar dy fan 'e f.c. Houtigehage. Sa'n man nestelt him yn syn fertroude minykultuer. En dêr hearre wa wit ek wol fan dy âlderwetske pantoffels by, mei sa'n healwiis rútsjesmotyf.’ Hy hâldt eefkes op. Ik krij lykwols gjin kâns om wat te sizzen. ‘Jo ha gelyk, ik sil wat mear struktuer yn myn ferhaal oanbringe.’ Ik hoech neat te sizzen, hy tinkt wol foar my. Hy betinkt myn fragen en jout der antwurd op. Ik fiel my dêr wol noflik by. No noch in slokje en der soe op dit stuit net folle mear te winskjen wêze. Lit de ljippen mar roppe, lit de wyn mar rûze! It is of hat er myn tinzen lêzen: ‘In slokje derby soe net ferkeard wêze.’ Under wat strie yn in hoeke fan 'e skûle, hellet er in healfolle flesse Bearenburch foar't ljocht en twa (!) romers yn in plestik pûdsje. | |
[pagina 139]
| |
‘Ik skûlje hjir wol faker in bui ôf, in echtenien of ien fan 'e geast.’ Mei in tippe fan 'e jas faget er de beide romers skjin en jit se fol. De flesse set er tusken ús yn. ‘As jo ferlet hawwe...’ Utnoegjend wiist er op 'e flesse. ‘Ik haw skoften bestjoerslid west fan de Stifting Slach by Warns 1345. Seit jo dat wat, dy slach?’ Ik knik. ‘Goed, dat besparret my in heap wurden. Yn 1345 hawwe se ienriedich fochten foar eigen frijheid, eigen taal, eigen kultuer. Nei alle gedachten romantisearje ik dy ienriedigens, focht elk allinnich mar foar eigen belang, liet de mienskiplike taal en kultuer har like kâld as de measte Friezen fan no. Mar yn 1945 lykwols fûnen de oprjochters fan de Stifting Slach by Warns 1345 dat der opnij slach levere wurde moast, slach yn it ûnderwiis, yn 'e polityk, yn 'e media. Slach om de de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden. Dat spriek my wol oan. Wy moasten doe ek fan 'e ferdútsking ôf fansels! It betinken op 26 septimber op it Reaklif fan de Slach by Warns hat foar my dan ek itselde karakter as it hâlden fan de befrijingsdei op 5 maaie. De iene kear giet it om Fryslân, de oare kear om Nederlân. As Fries haw ik neat op Nederlân tsjin, net iens op Europa, as Nederlân en Europa ek mar neat op my as Fries tsjin ha. Ik mei ferdomme mysels dochs wol bliuwe, ik hoech dochs net fermeald te wurden ta in ienheidswoarst dêr't rook noch smaak oan sit, dêr't alle kleur fan weiwurden is? Ja dus, sa moat ik wurde! De flagge dekt de lading net mear soe men sizze kinne. Us flagge past net mear by al dy kleurleaze | |
[pagina 140]
| |
minsken, dy is te kleurryk en te wyld fan komposysje. Gjin skeane banen mear, mar kreas rjochte hoarizontale, dat jout rêst. Gjin pompeblêden mear en gjin blau, mar inkeld wyt en griis en dan mear griis as wyt. It iennichste bytsje kleur dat noch tastien is sit yn it knopke fan 'e flaggestôk. Jo kinne kieze tusken read en oranje.’ Hy gnysket wat skealik. ‘Noch eefkes werom nei Warns. In alderaardichst aspekt fyn ik dit noch: yn 1345 wiene it Roomsken dy't slach leveren, yn 1945 wiene it benammen de Grifformearden dy't yn 't spier wienen om in betinking fan 'e grûn te krijen en de stien is skonken troch in echte readenien. Ik wol dêr gjin konklúzjes oan ferbine, mar ik haw der wol myn niget oan. Witte jo wa't de stien jûn hat?’ Ik skodholje en jit mysels in nij Bearenburchje yn. Syn romer is noch fol, hy hat it fierstente drok mei fertellen. ‘Gerryt RoordaGa naar voetnoot11 wie it!’ ‘Fan 'e Tynje?’ ‘Dyselde!’ ‘Dy moast oars net folle fan finen ha en finen net fan him, tinkt my. Mar jo lykje wol in Roorda-fan.’ ‘Fan kommunisten moasten se by ús thús neat ha. Inkele reis Ruslân mei sokken, sei ús heit altyd. Foar Gerryt Roorda jilde dat net, dat wie in bêstenien. Doe't er yn 'e Steaten siet stie der wol gauris yn 'e kranten: “De voorzitterGa naar voetnoot12 hamert, maar Roorda spreekt door.” Roarda's moatte der bliuwe, dêr kinne wy net bûten. De stien fan | |
[pagina 141]
| |
Warns skynt foar my dus wat út 'en readens. Sa't ik al sei, wy wienen net read thús, mar wol Frysksinnich. Us heit kocht fjouwer kante meter grûn op it Reaklif. Tsien gûne koste dat. In hiel bedrach, mar dêr waard net oer sangere: it wie foar it goede doel. ‘Om de bân tusken folk en tinkstien sterker te meitsjen, hawwe wy besluten ta dizze regeling. Safolle ryksdaelders as immen stjûrt safolle fjouwerkante meter oandiel kriget er yn it stik lan dêr't it monumint op boud wurdt.’ Sa stie it yn 'e folder doe. Ik wit it noch bêst. Dy Frysksinnigens fan my is dan ek net myn eigen fertsjinste: ik bin der mei grut wurden. En no in Bearenburchje.’ Hy wipt him yn ien swolch efteroer en jit fuortdaliks in nijenien yn. ‘Jo ek noch ien?’ Ik knik. Hy liket my fleuriger as niis. Bliid dat er syn ferhaal kwyt is? Mar wat is er kwyt, wat hat er no winliken ferteld? ‘Proast.’ ‘Proast.’ Wie dat alles? ‘En no wol ik jo útnoegje om takom sneontejûn by ús thús op besite te kommen. Der sille dan ek noch wat oare lju wêze. Ik sil jo it adres jaan.’ It wie dus noch net alles! | |
[pagina 142]
| |
|