Soe ik dat no ha moatte?
... dat ik no tink: hoe't it ek komt, goed komt it net! Mar goed, sa tink ik dus net en sa mei ik ek net tinke, want sa tocht dy oare lêzer altyd en der moat gjin betizing komme. Ik bedoel mar, myn ynbring en de struktuer dêrfan mei dit boek gjin skea oandwaan.
Sa't jo sjogge, ik brek wer eefkes yn en ik eamelje der mar wer op los, mar wat ik ek beëamelje, de skriuwer wit der wer neat fan. Mei syn struktuer hat it dan ek neat te krijen. En foar jo jildt itselde as niis: fine jo dit ûnnoazel praat? Rats, fuort mei dizze siden!
En dan no dy Pier Gerlsma! Dy ken ik en jo kenne him ek! Of hawwe jo de ferbining net lein tusken him en in sekere P.G. út haadstik ien? Dat moat Pier Gerlsma wol wêze! Sa't Alberda it beskriuwt, mei dat wenstee oan dy tochtsleat, dat tropke útgroeide wetterwylgen, dat binnenpaad troch de greiden, dat slút ommers as in douk yn 't wetterfet.
Ik soe no hast tsjin dy oare lêzer sizze wolle: ‘Sjogge jo no wol, jo ha de laadklep fierstentegau iepenskuord. De skriuwer hat alles wol ûnder kontrôle. De linen wurde stadichoan wol dúdlik.’
Lykwols, wat kin my dy oare lêzer skele. Wat my wol wat skele kin, wy wienen niiskrekt op it plak fan de earste moard. En dan komme de wat riedseleftige wurden fan Gerlsma ynienen al eefkes yn in oar deiljocht te stean. Wat sei er ek al wer?
‘Nochris in jier oerslaan sil der wol net mear fan komme.’
Dat sei er by de earste moeting. Dat gong oer syn sykte. Letter sei er it sa: ‘It sil ek wol net sa lang mear duorje.’