‘Eartiids,’ seit er, no wer tsjin my, ‘die ik de sûker en de molke der thús al yn, mar hjoed de dei wol de iene it swart ha, de oare swart mei sûker, wer in oarenien wol allinnich molke deryn en gean sa mar fierder.’
‘Folle fierder kin hast net net mear.’
‘Jo ha gelyk. Alles derop en deroan is de lêste mooglikheid. Ik bedoel it by wize fan sprekken sille wy dan mar sizze.’
Ek al ha wy praat fan 'e souder, hy stiet op skerp ik fiel it. Sûnder wat te sizzen drinke wy fan ús kofje en kôgje op ús keek.
‘Dogge jo dit wol faker sa?’
‘Jo bedoele...’
‘Ik bedoel kofjedrinke yn it fjild.’
‘Ik nim altyd kofje mei.’
‘Soa.’
‘Klaaid fan hûs sille wy mar sizze.’
‘Mar jo hawwe twa kopkes...’
‘Och, jo komme hast altyd wol ien tsjin yn it fjild.’
‘Dat is sa.’
‘En allinnich kofjedrinke is ek mar allinnich.’
‘Al wer wier.’
‘It praat ek wat nofliker by in bakje. Noch ien?’
‘As der noch wat yn sit.’
‘Gjin sûker,’ seit er tsjin himsels ‘en in goatsje molke. Noch keek?’
Dat is wer tsjin my fansels.
‘Ik slach neat ôf.’
‘Ek gjin miggen?’
‘Jaha dy wol.’
Stilte. En dan in âld hij oer de wjuk.