‘die het een rauwe taal vinden, met van die onbeschaafde nasalen’ en dan hast yn ien sike seinen: ‘Gisteren een feestje, je weet wel, de open haard aan, een flesje vin, een stukje pain en wat Boursin, gezellig!’ Noaziger kin it net, mar ja Frânsk is in beskaafde sjongsume taal.
Ik koe ek min oer sportsjoernalisten dy't alle war dienen om de meast nuvere nammen yn it Russysk of Sjineesk sûnder flaters út te sprekken, mar as it om Fryske nammen gong, ynienen fan neat wisten en dy nammen dan mar wat gnizerich bryk útsprutsen. O hillige Skynhillichheid!
Ik koe ek min oer t.v.-lju dy't samar ‘the cheese isn't cheap’ sizze koenen, mar fan ús tsiis tsies makken, fan ús tiid tied, fan ús iis ies.
Ik hie ek in hekel oan lju dy't de bek fol hienen oer ien taal: dat wie nofliker, goedkeaper, ekonomysker. Jawis, hallélúja foar de ienfoarmigens! Dan ek allelegearre mar deselde klean, deselde skuon, itselde hûs mei itselde túntsje, deselde auto, itselde leauwen!
Ik stie ris op it stasjon yn Utert te wachtsjen op 'e trein nei it Noarden. Net lang dêrfoar hienen Ambonezen in trein kape. Troch de lûdsprekker waard bekend makke dat ús trein fertraging hie: mear as in healoere! Ynienen fleagen de geroften as diggelfjoer oer de perrons: der wienen Ambonezen sinjalearre, de trein soe kaapt wêze, der soe in bom yn lizze. Ynienen ek waard elkenien ûnrêstich en moast elkenien oan elkenien freegje wêr't er hinne moast en oft it no wol fertroud wie om fierder mei de trein te reizgjen. Dy ûnrêst hie ek my yn 'e besnijing.
‘Waar moet u heen?’ frege ik oan in wyldfrjemd manspersoan.
‘Ik moat nei Ljouwert,’ wie it andert, ‘en as ik my net