Shit my mar lek
(1998)–Meindert Bylsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 105]
| |
FjirtjinYnspekteur Casimier sit mei de frou by de televyzje. No ja sitte, sy sit noflik en hy sit te rideljen. ‘Witst wat,’ seit frou Casimier op in stuit, ‘wy dogge dat ding út en dan fertelsto my mar ris wat dy dwaande hâldt. Lûdop tinke wol noch wolris helpe om de boel dêrboppe wat te oarderjen.’ ‘Mar do...,’ besiket Casimier noch. ‘Ik haw der ek belang by,’ jout de frou him gjin kâns mear, ‘oars leist de hiele nacht mar wer om te winen en dan krij ik ek gjin wink yn 'e eagen. Ik sil dy in Bearenburchje ynjitte en mysels in read wyntsje en dan allee. Of mei ik it net witte?’ ‘It hiele ferhaal sil meikoarten wol yn 'e krante stean, dus...’ ‘Dus kinst it my wol fertelle. Kom op.’ Casimier nimt in swolchje fan syn Bearenburch en jout himsels sa wat tiid om in begjin te finen. ‘Juster kaam de útslach fan it laboratoariumûndersyk. En sa't wy al tocht hienen, de kûgel kaam út itselde wapen dat ek brûkt is by dy beide oare saken, do witst wol fan 'e kollega's Alberda en Bottema. Net allinnich de kûgel ferbynt de trije saken, der binne folle mear oerienkomsten. Hasto wolris heard fan 'e Friezetsjerke?’Ga naar voetnoot10 ‘Ik soe it net witte.’ ‘Sa wie 't by my ek, mar ik haw it opsocht en der wat oer lêzen. De Friezetsjerke stiet yn Rome.’ | |
[pagina 106]
| |
‘Do wolst dochs net sizze dat Rome en dy moard...’ ‘Nee dat sis ik net, mar...’ ‘Moatst der ek hinne foar ûndersyk?’ ‘Hinne? Wêrhinne!’ ‘Nei Rome fansels. Dêr ha 'k noch noait west. Dat soe oars al wat wêze, in tsjinstreiske nei Rome! Ik gean mei en asto klear bist knoopje wy der noch in wykje fakânsje oan fêst.’ ‘De kop stiet my no hielendal net nei fakânsje.’ ‘Och, it wie ek mar in lyts fantasijke. Ik sil dy net langer ophâlde, fertel op.’ ‘It ferhaal komt yn it koart hjir op del: yn 'e achtste ieu mochten Friezen fan Karel de Grutte yn Rome in tsjerke bouwe as beleanning foar de help dy't se him jûn hienen om de Saracenen, dy't Rome belegeren, te ferslaan. Der wurdt wol sein dat dy Friezen Karel de Grutte doe ek de ivige frijheid ûntfytmanne ha. Se krigen fan him dit ûnthjit: sa lang as de wyn fan 'e wolken waaie soe, salang soenen alle Friezen frije mannen wêze.’ ‘En de froulju?’ ‘Froulju?’ ‘Do hiest it oer frije mannen, mar ik nim oan dat der doe ek froulju bestienen.’ ‘Moatst my net mei sokke ûnnoazele dingen fan myn sjapiter ôfbringe. Yn dy tiid waarden froulju net rekkene, dy hienen doe noch neat te fertellen.’ Doe net, mar no wol, as wy dat mar goed foar it ferstân hawwe. En dus soesto my no noch wol in wyntsje ynjitte kinne.’ Casimier docht sûnder tsjinakseljen wat de frou seit. Syn eigen slokje hat er noch mar ien swolchje fan han. Hy wipt | |
[pagina 107]
| |
de rest yn ien kear efteroer en jit de romer wer fol. ‘Goed, wat der fan dy skiednis ek wier wêze mei, it ferhaal is mar bysaak, it giet om hiel wat oars. Dy tsjerke dêr giet it no eefkes om, want dat ding, ek al stamt er út 'e achtste ieu, stiet der no noch en guon Friezen wolle him renovearje, want hy leit der wat suterich by. Dyselden wolle ek beafearten nei Rome, nei de Friezetsjerke organisearje. Dêr ha se sels in kommitee foar oprjochte, it Kommitee Fryslân Rome, it k.f.r. En no komt it: myn slachtoffer hat jierren- en jierrenlang bestjoerslid west fan dat k.f.r.’ ‘En omdat er dêr bestjoerslid fan west hat, moat er fermoarde wurde?’ ‘Ho, net te hurd, ik wie noch net útpraat. Net allinnich myn slachtoffer hold yn sa'n yngreven djipfryske rûnte ta, ek dy oare slachtoffers sieten yn sa'nsoarte fan klub. Klubs dy't te krijen ha mei it romrofte ferline fan ús Friezen.’ ‘Dus do tinkst...’ ‘Dat tink ik net allinnich, dat tinke Alberda en Bottema ek. Nei ús betinken moat it motyf ta de moarden te finen wêze yn dy wat âldfrinzige klubs dêr't de slachtoffers har hiele libben yn ferkeard ha. Mar, hoe't wy ek omgnuve yn it libben fan dy mannen en yn dy klubs, oant no ta kinne wy gjin oanknopingspunt fine. Wy krije ek gjin reaksjes, it bliuwt mar stil yn dy fermiddens. Te stil soe men hast tinke. Mar, der is noch mear, dy froulju bygelyks.’ ‘Froulju? Niis spilen froulju gjin rol yn it spul, se hienen sels neat te sizzen.’ ‘Mar no wol: ik soe hast sizze wolle, se ha fan alles te sizzen, mar se sizze neat.’ ‘Do praatst yn riedsels.’ | |
[pagina 108]
| |
‘Ik sil it dy útlizze. Ik ha fansels allinnich mar by de frou fan myn slachtoffer west, mar myn beide kollega's hienen soartgelikense ûnderfiningen. De frou dy't ik it aaklike boadskip bringe moast, reagearre hiel koel, op in ôfstân. Se siet der mear oer yn dat myn kofje kâld waard en dat ik myn koeke net op iet, as dat se mei de dea fan har man dwaande wie. Doe't ik oan 'e doar kaam frege se allinnich mar: ‘Myn Man?’ Ik hoegde neat mear te sizzen, it wie krekt as hie se it ferwachte. Yn sekere sin koe se dat ek wol, mar net sa.’ ‘No praatst al wer yn riedsels.’ ‘Dat sil ik dy dan ek útlizze, want it nuverste komt noch: alle trije de mannen hienen in slimme sykte, sa slim dat se al opjûn wienen troch de dokters.’ ‘Wa fermoardet yn 'e goedichheid no ien dy't, it is wol wat nuver sizzen fansels mar ik wit yn 'e gauwichheid ek net hoe't ik it oars sizze moat, wa fermoardet no ien dy't op koarte termyn út himsels wol dea giet.’ ‘Krekt! Dat freegje wy ús no ek ôf.’ | |
[pagina 109]
| |
|