oer west en hie it hjir faaks al swart sjoen fan 'e minsken.’
‘Ha wy gjin ferlet fan.’
Casimier dreutelet noch wat hinne en wer. Hy sjocht der tsjinoan om de rêst hjir te ferbaljen. Dat sil der dochs fan komme moatte. Hy sykhellet djip.
‘As jo no noch eefkes oppasse kinne,’ beslút er, ‘dan rin ik nei de auto om de boel yn wurking te setten.’
‘De boel?’
‘No ja, de fotograaf, de dokter, in pear kollega's foar tafersjoch en sa. Der sil aanst wol folk op ôfkomme. De plysjebân wurdt dei en nacht ôfharke. Jo hawwe it noch wol eefkes oan tiid?’
‘Ik bin dochs al te let op it wurk. Mar,’ gnysket de man en knikt yn 'e rjochting fan it slachtoffer, ‘dy sil oars net ûtnaaie.’
Casimier laket net.
‘Foardat jo nei it wurk ta kinne, moat ik aanst noch al in pear gegevens fan jo ha.’
Boppe op 'e dyk bliuwt Casimier noch hiel eefkes stean. Hy eaget de see oer.
‘No hie 'k hjir wol in eintsje fytse wollen,’ tinkt er, ‘de kop útwaaie litte, leechwaaie. Net tinke oan alle ellinde dy't grif efter dit gefal weikomme sil. It rûzen fan 'e see eefkes baas wurde litte.
‘De zee, de zee, klotst voort in eindeloze deining.
De zee, waarin mijn ziel zich-zelf weerspiegeld ziet.’
Willem Kloos! Mar dan ynienen wurdt ynspekteur Caspar Casimier hastich. De kop moat derby. Hy springt by de dyk del.
Sa't er ferwachte hie, sa bart it ek. It duorret net iens sa botte lang, dan hat de see it net mear foar it sizzen.