Ynienen is it as falt der wat fan de swierweagjende earnst fan him ôf, as wurdt er suver in bytsje fleurich.
‘Wat fine jo fan in Stichting tsjin fiskjen, mar foar lekkerbekjes? En fan sa'nien: tsjin bargemesters, mar foar karbonaadsjes? En fan: foar fleanen, mar tsjin fleanfjilden, foar fuotbaljen, mar tsjin skoppen, foar keatsen, mar tsjin slaan, foar bern, mar tsjin neuken, foar leauwen, mar tsjin god?’
Hy docht in stap nei my ta, as woe er yn 'e sirkel fan fertroulikens stappe. Ien stap mar. Temin foar him om my, temin foar my om him benei te kommen. Sa stadichoan stronttrochwiet, wol ik ek wol in ein meitsje oan dizze nijsgjirrige, mar nuvere moeting.
‘De bedoeling,’ begjin ik foarsichtich.
‘De bedoeling, jawis dat is ek sa, de bedoeling. Haw ik dy?’
Hy freget it, no wer earnstich, oan himsels. Ik hâld my dan ek stil.
‘Lit ik it sa formulearje: der sit my wat dwars, ik fyn sa stadichoan dat ik brûkt wurdt, misbrûkt. Geveltsjefrysk is skûlfrysk. Mei grutte letters Provinsjehûs op 'e gevel sette, mar efter de gevel Hollânsk prate, sokssawat. Kenne jo dat ferhaal fan Sjouke de Zee? Dat wie ek yn it Provinsjehûs, yn 1916. Sjouke de Zee woe doe, as Steatelid, yn 'e Steateseal, yn it Frysk syn miening sizze oer in útstel fan 'e Deputearren om de drankbestriding mei jild te stypjen. Kommissaris Van Harinxsma ferbea him om Frysk te praten.
De Zee: ‘Hollânsk is foar my, op dit plak, in frjemde taal. Ik bin wend oeral wêr't men my ferstiet Frysk te praten.’
Van Harinxsma (ferheftich klopjend): ‘Op deze plaats