Shit my mar lek
(1998)–Meindert Bylsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 73]
| |
TsienDer wie ris in lân dat Dellân hjitte. It lei wat leech, wat yn 'e bedel te soe men sizze kinne en sa wie dan ek de namme ûntstien. De bewenners fan dat lân, kabouters, hjitten fansels Dellingen. Lykas dat fan kabouters ferwachte wurde mei, it wienen warbere mantsjes en wyfkes, omtrint mei de oerstrûper oan of mei de skelk foar berne en, it sil gjinien fernuverje, yn 'e widze al mei de moukes opstrûpt. Gjin problemen dus, soe men sizze, dêr yn Dellân. Rûchwei en oerflakkich besjoen like dat ek wol sa, mar wat djipper dold wie der yn in part fan Dellân dochs wol in skeel. Foardat wy dat lykwols bedjipje kinne, moatte wy earst wat oars witte. Dellân wie net sa'n grut lân. Mar, omreden fan bestjoer wie it dochs ferparte yn in stikmannich lytsere ienheden. Yn ien dêrfan, dy iene dy't it meast nei it noarden lei en dus Noardlân hiet, sieten se mei in apart probleem tangele. Dat siet sa: yn hiel Dellân praten se it Delsk, mar yn Noardlân bestie njonken it Delsk ek noch in oare taal, it Noardsk. Beide wienen it libbene talen en ridlik sûn, mar de iene wie dochs wat sûner as de oare. Dat siet sa: it Delsk hie in hegere status as it Noardsk en dêrmei rekke dy lêste wat yn 'e nederklits. Net allinnich naam it tal Noardskpraters ôf, ek de kwaliteit fan it Noardsk waard minder. Stadichoan begong it der sels op te lykjen dat it Noardsk in dialekt fan it Delsk wurde soe. Libbene talen dy't njonken inoar libje, krûpe elkoar oan. Dat is net sa slim, mar by statusferskil en in sleauwe taalattitude (Hoe kin sa'n flitich folkje no sa sleau wêze foar de eigen taal oer, sille jo sizze. Ja, sis it mar!) kin it in oankrûperij om deadens wurde. In | |
[pagina 74]
| |
iensidige leafde dus, mei dêrby oantaasting troch frjemde oerwaaisels en nuvere ynslûpsels. Op in stuit wie der gjin taallykwicht mear. It Noardsk rûn de kâns stadichoan te ferdwinen of te ferwurden ta in Geveltaal. Fan âlds wie Noardlân in lân mei navenant in soad boerekabouters, boerekabouterarbeiders en in middenstân dy't it fan beide ha moast. Mar, doe't de agraryske sektor wat langer wat mear meganisearre, rûn de wurkgelegenheid oanienwei werom. It tekoart oan banen moast opfongen wurde troch yndustrialisaasje en omdat Noardlân dêr tige gaadlik foar wie, ek troch toerisme. Beide sektoaren setten de sokken deryn. De taal fan 'e kabouterboeren en oanswettend folk, ek al koenen se har yn it Delsk wol rêde, hie altyd it Noardsk west. Dêr koenen se mei lêze en skriuwe en mei sizze wat se mar besizze woenen. Op in stuit lykwols loeken yndustry en toerisme sa oan, dat der tefolle banen wienen en temin kabouters. Dus waarden der Dellingen oanlutsen út oare parten fan Dellân en dêrmei helle men gâns in mannichte fan inkeld-Delsk-praters yn. Hie ien en oar him no mar wat lykwichtich ûntjûn, der hie neat te rêden west. Mar, sa't wy al oantsjut ha, de statuskwesty spile in hieltyd gruttere rol. De iene taal begong de oare by stikken en bytsjes op te fretten. Guon fan hûs út Noardskpraters, praten yn 'e hûs al Delsk tsjin'e bern. Soks kaam oare Noardskpraters oan it taalgefoel. Dat waarden fûle anty-Delsksisten. Sokken stienen de wat mear hoedenen oanienwei op 'e siele en sa ûntjoegen guon fan dyen har ta fûle anty-Noardsksisten. Ek by de ymport-Noardlingen sieten yn grutte halen twa soarten, anty-Noardsksisten, mar ek pro-Noardsksisten dy't har | |
[pagina 75]
| |
opjoegen foar elke kursus Noardsk foar net-Noardlingen dy't mar organisearre waard. In eksplosive taaltastân! It bestjoer fan Noardlân moast besykje ien en oar yn 'e hân te hâlden. Yn dat bestjoer wienen sa't dat heart alle soarten fan kabouters fertsjintwurdige: fan ‘Fuort Mei It Noardsk’ oant ‘Noardsk En Neat Oars’, mar ek tuskenfoarmen lykas ‘Foar It Noardsk Mar Net Oerdriuwe’ en ‘Foar it Delsk Mar Net Tsjin It Noardsk’. Der sille grif noch wol mear streamingen west ha, mar dêr moatte de sosiologen har mar mei rêde. Hoe't it ek streamde, op in stuit wie de streaming fan de pro-Noardsken yn 'e mearderheid en dy kamen mei in plan. ‘Wy moatte,’ sa seinen se, ‘de status fan it Noardsk opkrikje, dan binne wy fan alle gedonder ôf.’ ‘Ferplichtsje seker,’ rôpen de anty's, ‘it is wer it âlde sankje en dat ha wy al sa faak heard.’ ‘Ferplichtsje?’ gnysken de pro's, ‘hoe komme jimme dêrby, krekt oarsom, net ferplichtsje.’ ‘Mar dy status dan?’ fregen de anty's alhiel ferstuivere. ‘Dy status,’ triomfearren de pro's, ‘wolle wy opkrikje troch alle kabouters dy't it Noardsk yn 'e macht ha, mear te beteljen as de kabouters dy't dat net ha. Noardsk hoecht net, is net ferplichte, mar dy't it behearsket kin wat mear en kriget dus ek wat mear.’ Doe wie it: balstiennen foar de poddestoel! - Dit raast oan 'e protters! - En oan 'e mosken! - No ha wy de hichte! - En de djipte! | |
[pagina 76]
| |
- Nei Boskein mei sokken.Ga naar voetnoot8 - Diskriminaasje! - Omkearde diskriminaasje! Doe't de opposysje útraasd wie, naam de wurdfierder fan de pro's wer it wurd. ‘Foarsitter, nommele kabouters, wol it Noardsk der net ûnderstrûpe, dan moatte wy gjin slimme diskusjes hâlde oer de kulturele wearde fan in taal, oer it rjocht fan minderheden op har taal, oer diskriminaasje, it omkearde dêrfan en neam noch mar in pear fan dy akademyske ûnderwerpen op. Nee, wy moatte mei beide puntskoechjes op 'e grûn stean. De kulturele wearde fan in taal kin in gewoane kabouter gjin grevel skele. It kin him wol skele wat er yn it knipke kriget. En no hienen wy it sa tocht, wy begjinne mei de oerheidskabouters, de amtners. Dy ha altyd trendfolgers west, se moatte no mar ris trendsetters wurde. Elke amtner dy't it Noardsk ferstiet, krijt der tenei tsien sulvernútsjes yn 'e moanne by. Kin er it ek noch sûnder al te folle flaters lêze, it smyt opnij tsien ekstra sulvernútsjes op. In geve Noardskprater kriget wer tsien en last but not least, om it ris yn in tredde taal te sizzen, dy't it Noardsk ek noch flaterleas skriuwe kin, mei oan 'e ein fan elke moanne nochris tsien sulvernútsjes ekstra op syn girorekken yn 'e mjitte sjen. En dêrmei is de status fan it Noardsk in moai ein opfizele.’ Nei dy wurden joech de foarsitter fan 'e Noardske Steaten it wurd oan elkenien dy't wat sizze woe, freegje, roppe, of eamelje. En doe't elkenien útpraat, útfrege, út- | |
[pagina 77]
| |
roppen en úteamele wie, waard der stimd. It plan kaam der rojaal troch, want de pro's wienen yn 'e mearderheid. Doe wienen de inkeld-Delskpratende kabouteramtners oan bar om heech te springen en leech. Sy waarden by-sprongen troch de twataligen dy't wat mear de pro-Delske kant útsprongen. Alle oaren sieten oan 'e kant en hienen stille en ek wol ris wat rûzige wille. Deaynein fan it springen setten de springers har op 't lêst dochs mar oan 'e stúdzje fan it Noardsk. It duorre net iens sa lang of elk hie de earste tsien sulvernútsjes te pakken. De measten lykwols snipten mei gauwens tweintich en nei ferrin fan tiid sels tritich of fjirtich. By it ferbruorrings- en fersusteringsslokje oan 'e ein fan 'e moanne hienen se hiele diskusjes oer de kulturele wearde fan minderheidstalen en stelden se elkoar fragen lykas: ‘Witte jo wol wat it yntaast is?’ en ‘Seit in liderke jo wol wat?’ en ‘Ha jo wolris heard fan Hantsjemieren?’ en ‘Lemieren binne dat in soarte fan mychhimmels?’ en ‘Harkeniel, kinne jo dat op it iten struie?’ en ‘In ferdek fine jo dat op in skip?’ en ‘Wat is it ferskil tusken in kabouterfaam en in fammenskabouter?’ en ‘Wat ferstiet in Dellanner ûnder “een Noorse boterham”?’ en ‘De bloarrejierren hawwe jo dy yn 'e midlife krisus?’ en ‘Wa binne de Eala Fria Nordena?’Ga naar voetnoot9 En sa libben alle Noardlingen noch lang en lokkich. | |
[pagina 78]
| |