Shit my mar lek
(1998)–Meindert Bylsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 70]
| |
Ha jo dat no ek?... dat jo no tinke: hie 'k it net sein mei dat fan radio Fryslân? De skriuwer is op 'e doele: hy wit it ferskil net mear tusken in grapke en de realiteit, it ferskil net mear tusken oarder en gaos. Soe er it ferskil tusken fiksje en wurklikheid noch wol witte? Wy sieten krekt wer op it goede spoar! Ik tocht krekt hy hat de keutel wer by de skjinne ein en dêr hat er al wer smoarge hannen. Dat radio Fryslân der mar by helle wurde moast wie in grap en... Moat radio Fryslân dêr no dy djoere stjoertiid oan fergrieme? Unnoazele spultsjes en ek noch wol op twa netten tagelyk? Is dat de trend fan dizze tiid: wat boartsje mei spultsjes ynstee fan jin dwaande te hâlden mei de earnst fan it libben? Wurde der gjin minsken mear samar deaskopt? Ferrekke der gjin mear fan 'e honger? Binne der ynienen gjin machthawwers mear dy't it folk útrûpelje? Nee, jo kinne better in strontboer op it toaniel sette, ien dy't neat te fertellen hat. Slûchslim, dat wol, hy lûkt dy radioman yn 'e pet, mar kinne wy dêr de wrâld mei ferbetterje? En dan dy Jan Tsjaka! Jan Lul dat hie better west. Wat in sûch om him samar kondysjonearje te litten troch in lullich spultsje. Mar, as wy dochs yn sa'n spultsje bedarje, meie wy dan net witte wat der mei te winnen is? Wa wit hawwe dy beide Jan Lullen wol in waskmasine wûn of in megatron of in friteuze. En dêr witte wy dan neat fan.Ga naar voetnoot4 Mar myn grutste beswier is fansels wer it ferbân: wêr is it ferbân mei it foargeande? Ik sykje der ek mar net mear om. | |
[pagina 71]
| |
Ik lit it oer my komme. It sil allegearre wol leukleukleuk wêze moatte. No, ik ha der gjin aardichheid oan. Doe't wy by dy gearkomste fan Doarpsbelang bedarren, haw ik, dat moat ik tajaan en dêrmei jou ik ek ta dat ik alles noch net sa mar oer my komme lit, hiel eefkes tocht: wa wit sitte wy no wol yn it doarp fan ien fan 'e slachtoffers fan Alberda of Bottema. Wa wit hawwe se dy ynspekteurs wol útnoege foar in sprekbeurt om te fertellen hoe't de saken der foarstean. Mar nee, it giet oer in wyldfrjemd doarp, mei wyldfrjemde minsken en in wyldfrjemde doarpskrante mei de superkreative namme ‘Om 'e toer’. En dêr meitsje se har drok oer... - Goaden fan 'e hillige Hegebeintumer terp stean my by - no ja, lit ús it dêr mar net oer ha! Ik wol it noch al eefkes oer wat oars ha. Wêrom begjint de skriuwer by punt seis fan 'e wurklist? Meie wy net witte wat de oare fiif punten wienen?Ga naar voetnoot5 En der is mear dat de skriuwer efterhâldt. Dat minske bygelyks, dy bystânsmem, mei dy beide bern, dy hat, sûnder dat se der by wie, in wichtige rol spile yn dy gearkomste. Meie wy dan ek witte hoe't it mei har ôfrûn is?Ga naar voetnoot6 En dan noch dit: wêrom lit de skriuwer in dwarstrochalleshinnefrysksinnige foarsitter pauze sizze as er skoft bedoelt? Ik wol mar sizze ek sa'n man moat om syn wurden tinke. It hie noch dûbelsinnich west ek, dêr wit ik in moai ferhaal fan. Yn maart 1954 fertelde professor doctor I.A. Diepenhorst yn 'e Twadde Keamer dat op in kear doe't er earne yn Fryslân in lêzing hold, de minsken ‘skoft’ rôpen doe't er | |
[pagina 72]
| |
útpraat wie. Hy sei der net by wat er yn dy lêzing op it aljemint brocht hie, mar as dat op itselde del kaam as wat er yn 'e Keamer sei nei oanlieding fan de wettelike regeling oer it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkeer, dan kin ik my wol wat foar de geast krije by dat ‘skoft’: ‘Nasjonalisme en regionalisme openbaren zich soms in felle trant. In het Friese geval is het niet verantwoord grote tegemoetkomendheid te tonen ten aanzien van het gebruik van de Friese taal.’ Ja ja, dy ferrekte gelearde professor doctor sil ús wol eefkes fertelle wêr't wy al of net ús eigen taal brûke meie. Mar ik moat oppasse, ik moat net itselde dwaan as de skriuwer, ik moat net tefolle syddykjes ynslaan, sadat ik ferdwaal en de grutte dyk net werom fine kin. Ek al is it goed om ris te redendielen oer in soad of net al te folle Frysk yn 'e Doarpskrante, dêr giet it yn dit boek net oer, foar safier ik it foar it ferstân ha. No moat ik earlik sizze, myn ferstân..., mar lit ús it dêr mar net oer ha. Lit ús it ris ha oer de ein fan dy gearkomste. Pauzepauzepauze, jawis en dy duorret sa lang dat wy de ein fan 'e gearkomste net iens belibje. Meie wy net witte hoe't it ôfrûn is?Ga naar voetnoot7 De skriuwer hâldt dingen benefter. Dat is net moai fan him, net demokratysk. Mar it slimste is: hy ferslacht neffens my folslein yn syn eigen boek. Ik haw it my al earder ôffrege, soe er it ferskil tusken fiksje en wurklikheid noch wol witte? Alles kin mar tagelyk en trochinoarhinne en fan in psychologyske ferklearring of djipgong is gjin sprake. Ik soe hast sizze wolle: krekt as yn in mearke. |