Njoggen
‘Dan binne wy no oankommen by punt seis fan 'e wurklist.’
It wurdt rillegau stil: punt seis, dêr wie it ommers om te rêden.
‘Foarsitter, ik soe...’
‘Jo sille neat, alteast net op dit stuit.’
‘Wat sille wy no ha, ik haw amperoan wat sein en jo jouwe my al in snútslach.’
‘Dat wie de bedoeling net.’
‘Mar jo dogge it al.’
‘Ik woe it earst eefkes oer de proseduere ha.’
‘Wy soenen it oer punt seis fan 'e wurklist ha.’
‘Krekt.’
De foarsitter pakt de foarsittershammer.
‘Ik soe it jûn graach sûnder hammer oprêde wolle, mar dan moatte wy ús al oan wat spulregels hâlde.’
‘Jim spulregels tink!’
‘Us spulregels! Wy sille elkoar wat romte jaan moatte.’
‘Romte sizze jo. Ik mocht net iens wat sizze.’
‘Dan ha jo net goed harke, ik ha sein: op dit stuit net. Aanst meie jo alles sizze wat jo op 'e lever hawwe.’
It bewyske fan protest dat troch it doarpshûs ware jout him, noch in bytsje neiïggewearjend, stadichoan del en de foarsitter leit de hammer del.
‘Sa't ik al sei, dan binne wy no bedarre by punt seis fan 'e wurklist. Us doarpskrante, ús “Om 'e Toer”. Foar alle dúdlikens woe ik earst de sitewaasje noch eefkes sketse.’
‘Der hoecht neat sketst te wurden, it is wol dúdlik.’
‘Foar jo, mar der binne ek oaren.’