Ha jo dat no ek?
... dat jo tinke: heare heare hoe moat dat no fierder? Mar, earlik sein, ik haw earst wat oars tocht. Ek al is dat healwize, net fol te hâlden, wylst noch net fan 'e baan, hy jout dochs om sizzen, de skriuwer, tocht ik: ik stel in enkête foar en ferdomd eefkes letter giet der in man mei fragen by de doarren del. Rillegau lykwols docht bliken dat de man net de fragen stelt dy't ik yn 'e holle hie. Hoe krijt sa'n man it ek yn 'e harsens en gean nei in ‘Skrieverswyk’ mei allegearre krompraters, allochtoanen en anty-Frysksinni-gen. Wat ha dy mei dit boek te krijen? Mei oare wurden: it ferhaal fljocht dus wer alle kanten út, útsein de goede.
En dan ynienen docht dochs wer bliken, dat men net te gau oardielje moat: wy binne ûnferwachte samar wer by de moard werom. Sterker noch wy krije der ien op ta. De skriuwer jout dus al om sizzen en... it sil dochs net wier wêze, haadstik sân begjint net mear mei wylst. In skriuwer soe fansels ek wol gek wêze en lûk him neat oan fan syn lêzer. In skriuwer sûnder lezer kin better ophâlde. Sok skriuwen is fergriemde enerzjy en dy kin better oan wat oars bestege wurde, oan pikefangen bygelyks, oan seewjirmdollen, oan miljeuhimmeljen, of soksawat.
Eefkes dertuskentroch: dochs moai fan dy Bottema dat er oer de lytse kriminaliteit begjint. Gewoane minsken hawwe dêr it measte lêst fan, dêr hat de man folslein gelyk oan. Sa bin ik yn ien jier al twa fytsen kwytrekke. Ien kear by it spoar, kaam ik jûns let mei de trein werom... fyts fuort! Wol op slot dien, mar ja dat slaan se wol stikken of knippe se troch mei in betonizerskjirre. Dêr stean jo dan, it is let, it is kâld, it reint en de frou leit grif al op bêd. Sa let noch