Shit my mar lek
(1998)–Meindert Bylsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 47]
| |
SânYnspekteur Bareld Bottema makket oeroeren. Mei de hannen op 'e rêch rint er hinne en wer op syn kantoar. Fiif stappen hinne, nei de muorre mei it skilderij fan 'e keninginne en fiif stappen werom nei de muorre mei de doar en it prikboerd. De keninginne mei om him op dat stuit wol presidinte wurde, it prikboerd soe er it leafst leechskuorre om fan de papieren propkes te meitsjen dy't er troch it kantoar keatse kin: ‘Boppe!’ Mar yn 'e stimming dêr't er no ûnder bedobbe sit, sille alle ballen wol kwea gean. It leafst soe er nei hûs ta wolle en leaver as leafst nei de kroech. ‘Se soeken it maar uit, proast!’ Mar ja, sa kinne jo net as ynspekteur: jo binne no krekt ynhierd om it uit te soeken. Samar ynienen alles yn ûnstjoer. En it hie krekt in lyts bytsje komkommertiid west op it buro. Gjin grutte saken en dus tiid om in stikmannich lytse saken oan te pakken dy't lizzen bleaun wienen. ‘De kop derfoar,’ hie Bottema sein, ‘de lytse kriminaliteit, dêr ha de gewoane minsken it measte lêst fan.’ Mar, de taskedieven, de fytsestellers, de ynslûpers, de fandalen lizze al lang wer yn it laad. In goed wike lyn wie it begûn. De telefoan. ‘Nimsto eefkes op?’ grommelet Bottema tsjin syn kollega sûnder op te sjen út it rapport dêr't er mei oan it lêzen is. - Witteveen. - Dêr prate jo mei. - Ja ja. | |
[pagina 48]
| |
- Nee nee. - Ja ja. - Och och. - Ja krekt. - Net bêst. Bottema hâldt op fan lêzen, sjocht freegjend nei Witteveen, mar dy hat it te drok mei de eigen fregerij. - Wat sizze jo? - Wêr sizze jo? - Hoe sizze jo? - De púndyk del en dan nei de mar? - Ien fan jimme wachtet ús op? - Nee, alles lizze litte. - Goed. - Bêst. - Noch better. - Wy komme der oan. Bottema hat it rapport al lang yn it laad smiten. ‘En?’ freget er as Witteveen de hoarn delleit. ‘Se ha ien fûn mei in kûgel troch de rikketik. Dy tikket dan ek net mear. Se kamen der tafollich lâns mei in boatsje en doe seagen se him lizzen.’ ‘Hasto sein...’ ‘Ja, dat ha 'k sein, oeral ôfbliuwe.’ In trije kertier letter ride se op in minne púndyk de greiden yn. Allegearre hulten en bulten en dobben. De plysjeauto sjit fan lofts nei rjochts. ‘Kristensielen wat in rotpaad.’ Sa'n oardel kilometer it fjild yn, smoart de dyk yn 'e greiden. In hikke. Mei de auto kinne se net fierder. In man stiet har op te wachtsjen. Der wurdt fûstke. | |
[pagina 49]
| |
‘Diskant mar út.’ Se rinne in pear stikken lân troch en komme dan by de mar. Dêr wachtet noch in man en dêr leit it lyk ek. ‘In dokter?’ freget Bottema. ‘Ha wy net warskôge,’ anderet ien fan de mannen. ‘Kin ek neat mear dwaan,’ seit de oare. ‘Wy woenen jimme earst mar ôfwachtsje,’ nimt de earste it wer oer. De beide plysjemannen knikke en sjogge om har hinne. ‘Us skou? Dy leit in eintsje fierderop.’ ‘Nee de telefoan! In portable?’ ‘Dy pleats, efter dy beamwâl, dêr ha wy skille. Der rint in tochtsleat hinne.’ ‘Sit it sa. En dy boer?’ ‘Ha wy neat ferteld.’ ‘Moai. Der moat no dochs earst mar in dokter komme. Soenen jimme... ús auto mei de telefoan...’ ‘Jo wolle ús hjir wol wei ha,’ laket ien fan 'e manlju. ‘Dat ha ik net sein,’ grommelet Bottema in bytsje kiezzich omdat de man him troch hat, ‘mar wy moatte ús wurk dwaan en jimme...’ ‘Jo hoege jo net te ûntskuldigjen, wy binne net ûnnoazel,’ gnysket no ek de oare man. As de beide mannen fuortrinne, oerskôgje Bottema en Witteveen de sitewaasje. De man leit op 'e rêch tsjin 'e skeante fan 'e polderdyk oan. ‘As lei er te sinnebaaien,’ seit Witteveen, ‘it hoegde net oars.’ ‘Der is net fochten,’ tinkt Bottema lûdop, ‘it hiele sirkus moat mar yn wurking. De mannen sille der wol net folle nocht oan ha en kom nei dit útein fan 'e wrâld. Wat in | |
[pagina 50]
| |
negorij hjirre. Mar goed dat it net reint. No, wat seist?’ ‘Ik rin wol eefkes nei de auto.’ Witteveen kladderet by de polderdyk op. ‘Wy witte noch net iens wa't it is, soe er ek papieren by him ha?’ ropt er, foar't er weiwurdt efter de dyk. ‘Earst de foto's mar en de oare mikmak,’ antwurdet Bottema tsjin 'e polderdyk en dan tsjin himsels: ‘As it ien út dizze omkriten is, sil de dokter wol mear witte.’
De dokter wist wa't it wie, in sekere S.R. De dokter wist noch mear: de man wie slim siik, bloedkanker, se hienen him noch mar in pear moanne jûn. Hy kaam út it doarp oan it begjin fan 'e púndyk. It spoareûndersyk smiet net folle op. De dieder wie nei alle gedachten mei in boat kommen en it slachtoffer wie geandefoet op it fatale plak bedarre. As hie er it sels dien! Mar ja, in minske hat gjin earms fan twa meter lang! Boppedat, der wie gjin wapen. Wat fierder it ûndersyk foardere, nammerste mear oerienkomsten kamen der foar it ljocht mei in oare moard, net iens sa lang lyn begien yn in oar rayon. Dy wie noch net oplost, mar der siet likefolle beweging yn as yn in ferrustke knier. Bottema hie mei kollega Alberda de feitlikheden fan 'e beide saken op in rychje set. De oerienkomsten wienen frappant: yn beide gefallen gong it om in skot fan tichtby. Yn beide gefallen wie der net fochten. De froulju fan 'e slachtoffers wie ek wat mei, dy reagearren as hienen se it ferwachte. Dy wisten wat, mar wat se wisten wie net efter te kommen. En dan de oerienkomsten by de slachtoffers sels: beide siik, slim siik, opjûn troch de dokters. By beide | |
[pagina 51]
| |
soe in fersin yn 'e beneaming komme kinne. Mar twa kear ferkeard soe al te tafallich wêze. Allebeide hienen it poerbêste manlju west, mei funksjes yn lytse en grutte maatskiplike rûnten. It lêste slachtoffer hie hiel lang besjoerslid west fan it komitee knefre, it komitee Kneppelfreed. ‘Hasto wol ris heard fan Kneppelfreed?’ frege Bottema oan Witteveen doe't dat komitee op it aljemint kaam. ‘Jawis wol.’ ‘En?’ ‘No, it wie op in freed.’ ‘Krekt en fierder?’ ‘Op dy freed ha se mei kneppels...’ ‘No kom op!’ ‘Mei kneppels ha se dy freeds.... ien deaslein.’ ‘Mis ret! Do moatst earst de bylage mar ris lêze.’Ga naar voetnoot3 ‘Hasto dat dan al dien.’ ‘Jawis wat oars.’ ‘Dus do witst wat dat Komitee knefre docht.’ ‘Jawis, dat komitee wol Kneppelfreed betinke, elk jier, op 16 novimber. En hoe dogge se dat? Mei in bakje kofje en in stik krûdkoeke, yn 'e Fryske Akademy. Kin it nueter?’ ‘En yn sa'n nuete klub sikesto om in moardner?’ ‘Dat sis ik net, mar jo moatte dochs earne begjinne.’ ‘Kollega Alberda siet ek mei sa'n klub, mar dy is der gjin grevel mei opsketten.’ ‘Dat is sa. Mar der binne mear oerienkomsten. Wa wit | |
[pagina 52]
| |
kinne wy ien en oar koartslute.’ In wike letter smiet it laboratoariumûndersyk noch in opmerklike oerienkomst op tusken de saak Alberda en de saak Bottema: beide kûgels kamen út itselde wapen. | |
[pagina 53]
| |
|