ik al earder sein, mar yn dy hurdehurdehurdegarypsters -hat de skriuwer neffens my al in fynynlein fraachtekentsje ferfrissele. Eare wa't eare takomt.
Mar, net tefolle fan dat spul, wy moatte werom nei de Grutte Gearhing. Sa't jo sjogge, ik skriuw it mei haadletters. De measte misken hawwe wat stjoer nedich by it lêzen. En dêr ûntbrekt it oan. It hinget noch altyd as los sân, wat sis ik, as losse grintstiennen oan elkoar. De skriuwer soe dêr in moaie sterke grinttichel fan fabrisearje moatte.
Noch eefkes hiel wat oars, is it jo ek opfallen dat de skriuwer de haadstikken trije, fjouwer en fiif begjint mei it wurd wylst? Sa'n wurd tsjut op lyktidigens. It liket derop dat hy suggerearje wol dat Alberda, Jacqueline en de beide blomkesykjende famkes wat mei elkoar te krijen ha. Oant no ta hat er dat net wier makke. Faaks bedoelt er it yn algemiene sin, mar ja, wat der dan net allegearre tagelyk barre kin sûnder dat der ferbân tusken sit! As der, ik neam mar ris wat, in man yn Loon op Zand by it fuotwaskjen in skeet lit, dan is der gjin ferbân mei in frouminske dat yn Langelille op itselde stuit yn 'e Story sit te lêzen. Dy feiten kinne ferbûn wurde mei it wurd wylst, mar der is gjin ferbân. No is it net folslein ûnmooglik fansels, dêr ha jo gelyk oan. It soe kinne dat de fuotwasker út Loon op Zand by it ôfblazen en it fuotwaskjen tinkt: ‘Wannear wie it ek al wer, doe yn Frankryk, ik siet foar de tinte te fuotwaskjen en doe liet ik ek in skeet. It koe net oars as de buorfrou dy't foar har tinte yn bikiny de Story siet te lêzen, moast it wol hearre, want ús skearlinen stienen oer elkoar hinne. God, wat wie it drok op dy camping! Se die lykwols krekt as hearde se neat, mar ik koe oan har maneuvels wol sjen dat