‘Soa!’
‘Ik meitsje dy dingen sels, ik bin koekjefabrikant, fan krûdkoekjes, dus jo begripe...’
‘Ik begryp it. De koekjes dy't wy hjir by de kofje presintearje komme net by jo wei.’
‘Krekt.’
Stilte. En nei in hoartsje: ‘Dus ek wol oaren seinen jo. Ingelsken?’
‘Wy hienen hjir lêstendeis in busfol Japanners.’
‘Japanners hie 'k tocht.’
‘Dy ha hjir sawat in wike omspaand. Se fûnen alles wakker moai: it fiskjen, it roeien, it silen. En alles kaam op 'e film. Se hienen mear drokte mei de filmerij as mei it sels sjen en dwaan.’
‘Ha joek telefoan?’
‘Dêr efter by de twaletten is in sel.’
‘De kafeebaas set it smoarge kofjekopke op it bledsje en toffelet wer nei syn taap. De man siket de telefoansel op.’
- Ja, hjir mei my. Noch bysûnderheden?
- Wat seiste, in Japanner oan 'e telefoan?
- Dat komt my no ek wer yn 't sin. Mar dat is al sa lang lyn, dêr hie 'k net mear op rekkene.
- Wolst dat noch in kear herhelje?
- Se wolle 80 tûzen rôlen koekjes ha? Om 'e twa moanne?
- Dat is pracht nijs!
- Mar der sit in mar oan?
- De ferpakking seiste?
- Oan 'e ferpakking kin it net lizze, dy is ommers altyd itselde.
- Ho ho, no net trochdrave. Sis dat lêste nochris, mar no