Shit my mar lek
(1998)–Meindert Bylsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 26]
| |
Ha jo dat no ek?... dat jo no tinke: wêr moat it yn fredesnamme hinne mei dit boek? Mar, foardat ik fierder gean, ik sil my eefkes bekend meitsje. Ik bin in lêzer, krektlyk as jo en ik bin op dit stuit krektlike fier mei it lêzen as jo. En no freegje ik my ôf oft der wol in tou is dêr't ik dit ferhaal oan fêstknoopje kin. Hajo sa'n tou? Ik net! Goed, ik sil mar eefkes wat lûdop tinke, dan hear ik letter wol oft jo it der mei iens wienen. It begjint net ûnaardich moat ik sizze. Dy ynspekteur Alberda is in serieuze man liket my sa ta. Ien dy 't it wurk net kwytreitsje kin as er thús is. Dêr moat sa'n man mei oppasse: foardat jo it witte sjitte jo yn 'e stress of noch slimmer yn in oerspanning. En kom dêr dan mar wer ris út. Lokkich is de frou der ek noch. Ik tink dat se gelyk hat, jin de sinnen eefkes wat fersette mei bleekjemeanen en sa kin jin de mûzenêsten yn 'e harsens eefkes ferjitte litte. Hoe haw ik dat sein? In bytsje in bazich type, dy frou Alberda, sa komt se op my oer. Of soe ik dêr mis mei wêze? Amperoan twa siden lêzen tink ik: moai sa, in speurdersferhaal. Yn sa'n ferhaal kin de skriuwer net alle kaarten samar op tafel lizze: sa'n ferhaal wurdt stadichoan opboud, by sa'n ferhaal krije jo by stikken en bytsjes de feiten yn hannen dy't letter nei de dieder ta liede sille. Sa sil de slach by Warns, of Warns sels, of it Reaklif, of de Stifting dy't de betinking fan de slach organisearret, ek wol sa'n feit wêze dat wy letter noch nedich hawwe sille. Jo sjogge it, ek al haw ik myn fragen, ik jou de skriuwer alle kredyt! Ynteressant nammers dy slach! Sa'n bylage derby, mei | |
[pagina 27]
| |
wat ekstra ynformaasje is gjin gek idee. Wat wit in minske eins mar in bytsje fan syn eigen skiednis ôf! Of wienen jo dêr wol mei op 'e hichte, ik bedoel de slach by Warns dy 't eins de slach by Starum is? En dan dy side mei al dy freie Zimmers! Dêr kin ik gjin kloaten mei. Soks sil wol hearre ta de literêre strapatsen fan 'e skriuwer. Of soenen der Dútskers mei it ferhaal anneks wêze? Dútske rjochts-ekstremisten bygelyks? Frou Alberda hat der eefkes op doeld, ek al hie se it oer Belgyske. Alberda biet der lykwols net op yn. Frysk und frei, jawis! Dat Moffrikaansk steurt my wol wat. Mar ja, jo sille mar in keamer frij hawwe dy't jo ferhiere moatte. En jo kinne fan Poepen sizze wat jo wolle, mar spikers ha se ornaris wol. En sokken krije jo it gaust yn 'e kouwe troch se oan te roppen yn 'e eigen taal: eintsjes komme ek net as jo roppe fan kom hjir kom hjir, mar wol mei it roppen fan hysp hysp. Goed, wy gunne de skriuwer syn literêre bokkespronkjes. As it der mar net te folle wurde. Mar in pear siden fierder: shit! tocht ik. Jo ek? Shit? No, shit my mar lek. En dan samar ynienen sitte wy yn 'e klasse by juffer Jacqueline. Wat is har relaasje ta Alberda? Hy sil dochs net bûten de pôt pisje? Dat wolle jo fan sa'n man net ha! Of hat sy mei de moard te krijen? Fragen, fragen, fragen, no ja, dat heart sa yn in speurdersferhaal sille wy mar sizze. Dat kabouterke, kabouter Blaubaltsje, dêr moatte wy it noch al eefkes oer ha. In aardich mantsje, altyd ree om in oar te helpen. Mar neffens my is syn ferhaal net út. Hjir hâldt de skriuwer wat efter dêr't gjin reden ta is. Dat is net moai fan him. Meie wy soms de ein fan it ferhaal net | |
[pagina 28]
| |
witte?Ga naar voetnoot2 En no dy bern! Wat binne dat in steal ûnnoazelsma's. Mar ja, it binne bern en dy kinne der ek net safolle oan dwaan fansels. De juffer wol, dy moat de kop derfoar hâlde en de noarm heech. En dat docht se net! Mei sa'n sloppe taaljuf kin it hast net oars of sokke bern moatte wol eigen-taal-ymbesilen wurde. De skriuwer kinne wy fansels ek ta ferantwurding roppe: dy hat dat skieppetsiisweake jufferke der yn skreaun. ‘Se soeken it maar uit’ lit er hat sizze. Wat is dat no foar praat. En dat foar in skoaljuffer! Hjir hat de skriuwer in kâns mist. Jammerjammerjammer-jammerjammer, no ja spitich. Se soeken it maar uit, jawis. En ús lit er it ek maar uitsoeken: wat moatte wy mei dy beide blomkesykjende famkes? Ik kin my hast net yntinke dat sy wat mei dy moard op P.G. te krijen ha. En mei Fryslân blommelân begjint dit boek sa stadichoan moai op in ‘poezyalbum’ te lykjen: pluk de bloemen op aarde die je ziet en vergeet mij niet. Fryslân blommelân, ja ja, mei boeren dy't alle blommen der it leafst sa gau mooglik útdongje wolle om sa it lân te feroarjen yn ien grutte monokultuer fan gersgersgersgersgers. En dat iene fleurige koweblomke tusken it stymske gers meie dy beide famkes om my ek wol plukke. Dat sis ik no wol, mar dat kin fansels net: se soenen it gers mar ferwâdzje en dêr hat de boer it net foar siedde. Jo sjogge it, ik haw mar wat lûdop tocht. Ik wit net ik wit net oft it allegearre wol goed komt. Hawar, ik sil him, de skriuwer bedoel ik, noch mar in kâns jaan. Mar sa't it der no foar stiet bakt er der nuvere koekjes fan. |
|