‘En ús mem seit dat it madelyfjes binne.’
Stilte, wat langer as niis. Mar doe wie der ek gjin ferskil fan miening. Der hinget no in bewyske fan spanning tusken har yn. Dy saksearret rillegau wer.
‘En dêr groeie ek bisteblommen.’
‘Wêre?’
‘Dêre, dy giele, dat binne hynsteblommen.’
‘Dat binne paardeblommen.’
‘No, dan binne it dochs bisteblommen!’
‘Dat is sa.’
‘Ja dat is sa.’
Bliid dat se it wer iens binne, keutelje se tsjotterjend fierder, oant it folgjende obstakel.
‘No sjoch ik al wer in hiel soad bisteblommen.’
‘In hiel soad?’
‘Ja dêre, skieppeblommen en bargeblommen.’
‘Dat binne wite klavers en reade klavers.’
‘O ja?’
‘Ja, dat seit ús mem altyd.’
‘En ús mem seit fan skieppeblommen en bargeblommen.’
It petear heakket wer. De iene sjocht nei de oare en de oare nei de iene. Dan seit de iene: ‘Wolst ek in dropke?’ en de oare hâldt de hân op.