‘Ik wit tefolle fan it Frysk ôf, ik hie nea it foech foar Frysk helje moatten. No stean ik te fier fan 'e bern ôf, sit ik oantangele mei in wurchmeitsjend Afûk-syndroom. Wa wit haw ik de distansearringssykte wol ûnder de lea, pleaget Hollandofoby my, haw ik de ynterferinsjekrupsje, of de argaïsmegoarre; faaks ek fret it purismefirus oan my, giet my de dialektyskefariantekwaal troch it bloed.’
Mar, wurch of net, juffer Jacqueline kriget net de kâns om fierder te prakkesearjen: ‘En hoe giet it no verder juf?’
‘Help, help!’
‘Och wat is der mei dy, lytse tor.’
‘Myn iene skild docht sa sear. Au, au!’
‘Lit my mar ris sjen. Ik leau it is net sa erch.’
‘Au, au!’
‘Net sa seure, dat hat gjin sin. Hoe hast it krigen?’
‘Der foel my in kastanje op 'e ruch.’
‘Witst wat, ik sil der in bytsje ikeltsjesalve op smeare dat helpt hast altyd.’
‘Help, help!’
‘Wat is der mei dy lytse langpoat.’
‘Ik sit fêst.’
‘Fêst? No dan moat der wat gebeore. Ik sjoch it al, dyn linker fleugeltsje sit om in prikkel fan it prikkeltried hinne. Ik sil dy helpe. Moatst dyn poatsjes al eefkes stilhâlde, oars wol it net. Ik sil prebeare om dy wer los te krijen. Hâldt dyn poatsjes no stil! Do bist hjir net oan it skaatsen. Ik leau it lukt my al. Moai sa, klear is Kees.’
‘Help, help!’