Shit my mar lek
(1998)–Meindert Bylsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 12]
| |
TwaOp it Klif is it kâld. It Reaklif, in bult yn it lânskip mei oan 'e iene kant de Iselmar en oan 'e oare kant Warns yn 'e bedelte, oerhearske troch tolve nijmoadrige wynmûnen en in hege tinne útstjoermêst. Starum is ek te sjen, leit net iens sa fier ôf. In stêd mei in bosk steil hier fan omheechpjukkende skipsmêsten. Laaksum oan 'e eastkant dûkt wei yn wat boskjeguod. By de yngong fan it betinkingsplak lizze fjouwer grutte balstiennen. Op in witenien, folle lytser, stiet twa kear in F, ien kear gewoan en ienkear yn spegelskrift. Apart, dêr hat er neat oer lêzen yn dat boek. De grûn is befluorre mei balstiennen fan alderlei grutte, foarm en kleur. Muorkes fan deselde balstiennen, in foech heale meter heech, stean der omhinne. In buordsje yn 'e foarm fan in pompeblêd jout ynljochtigs: It Reaklif ‘Nuvere oersetting! In Dútskenien hie der ek noch wol by kinnen,’ mompelet er yn himsels, want de frou stiet al by de grutte stien. Eefkes letter wiist er har ien en oar oan. Net foar neat op 't lêst hat er de hiele moarn yn dat boek om- | |
[pagina 13]
| |
sneupt. ‘Sjoch, yn dy stien is HELG útbeitele, dy komt fan Helgolân, bûnte sânstien is it. En dy balstien mei in S is fan Sealterlân. NFRL op dy ticheleftige stien stiet foar Noard-Fryslân en dy lêste, USA mei in F troch de U hinne, hawwe Friezen út 'e States hjirhinne tôge.’ ‘Tsjonge jonge!’ Mear seit se net. Is it provosearjend bedoeld? Hy giet der net op yn. Se rint fuort. Hat se alles no al besjoen? ‘Ik gean eefkes nei de mar hear,’ ropt se noch. Alberda besjocht de stien nochris goed. In knaap fan in ding. Wol sa'n twa by twa meter, op in sokkel fan lytsere balstiennen. Mei elkoar grif mear as fjouwer meter heech. Op 'e stien sitte spoaren fan wite en swarte ferve. Wa soe oan it kladderjen west ha? De wyn hat frij spul, komt út it suden. In wynwizer mei twa liuwen boppe op in flaggemêst wiist it oan. Kij, almeast swartbûnte, mar ek in pear readbûnte, weidzje fredich yn 'e greiden om it betinkingsplak hinne. Op in stikje boulân wurdt stynske weet boud. In griene ôffalkontener hat as tekst: alleen recreatie afval. Sa no en dan bliuwt der in auto stean. Meastal stappe de lju net út. By ien auto al. In heit, in mem en fjouwer bern rûgelje der út. Gau eefkes op 'e foto foar de stien en dan noch gauwer wer fuort. ‘Krije wy aanst ek patat?’ As de frou weromkomt fan 'e mar, gean se yn 'e auto sitten. It ding stiet mei de snút nei de Iselmar ta. ‘Eartiids rûn de see oan it klif ta. It klif wie ek heger, se hawwe it letter ôfflakke. Der sille wol wachters op stien ha doe. Se wisten dat de Hollanners komme soenen: har float | |
[pagina 14]
| |
lei al in skoft foar Inkhuzen. Dêr wienen se hjir wol mei op 'e hichte. Dat fan dy heafoarken, skeppen en bilen en sa sil wol net wier west ha: mei sok ark wachtsje jo in fijân, dy't sels swier bewapene is, net op. It gong doe, ik bedoel yn 1345, ek net om Warns, it gong om Starum.’Ga naar voetnoot1 ‘Do hast aardich wat opstutsen fan 'e moarn! En dêr wolst wol wat fan kwyt fansels. No, set mar út ein. ‘As't dat dan sa graach wolst. No dan, dy Willem IV, do witst wol, dy kaam Noard fan Starum oan lân, mei sa'n 500 ridders. De Friezen leinen har op te wachtsjen. Der waard fochten op libben en dea. Ien fan 'e earste slachtoffers wie in Fryske ealman, deadien troch Willem sels. Mar de Friezen wienen fierwei yn 'e mearderheid en sloegen de iene nei de oare ridder de kop ôf. It wie gjin partij. De Hollânske ridders sieten yn it harnas, mar hienen gjin hyders ta har foldwaan. Behindere yn har bewegings dus en dêr hienen de Friezen gjin lêst fan. As knikkerts rôlen de koppen fan 'e Hollanners oer de grûn.’ ‘Gedferderry, sa kin it wol ta!’ ‘Mar sa wie it, ik haw it net sels betocht.’ ‘Dat fan dy knikkerts hasto der by makke, sa stie it grif net yn dat boek!’ ‘Willem syn kop waard der ek ôfhoud en stuitere oer de grûn.’ ‘Ja dat witte wy no wol!’ ‘Yn dy tiid wie it net de gewoante en slach eallju dea. Meastal waarden se finzen nommen, om se letter tsjin in heech losjild wer frij te litten. De Friezen ha dat doe net | |
[pagina 15]
| |
dien. Fan lulkens omdat ien fan har oanfierders ek deaslein wie?’ ‘Krispianus, wat is hjirre wat ôfmoarde yn dy tiid.’ ‘Hjir net, dêr, by Starum.’ ‘Se neame it oars de Slach by Warns.’ ‘Dat ha se der letter fan makke.’ ‘En hat dy moardnerij fan doe te krijen mei de moard fan no dêrsto mei dwaande bist?’ ‘Eftergrûn fanke, eftergrûn! It slachtoffer hat 25 jier bestjoerslid west fan 'e Stifting dy't de betinking fan 'e slach elk jier organisearret. Mear wit ik op dit stuit noch net.’ ‘Dan witst noch mar in ferrekt lyts bytsje.’ ‘Dat is sa, shit!’ | |
[pagina 16]
| |
|