Net kjel, mar koel. Krekt as hie se it ferwachte! Dat se har man op koarte termyn ferlieze soe, wist se al, hie se faaks al ferwurke, foar safier't soks yn 't foar te ferwurkjen is. Mar deasketten, fermoarde! En dat die har neat, sa like it wol. Se wist wat, mar wat?
Oer harsels woe se it net ha. As er dêr oer begong kaam de skoattel op 'e mûle. Har man, dêr woe se wol oer prate. In poerbêste man: bêst foar de frou, bêst foar de bern, bêst foar de mienskip. Mar dy poerbêste man wie wol fermoarde.
In Frysksinnich man hie it west, tige Frysksinnich: 25 jier bestjoerslid fan 'e Stifting Slach by Warns!
‘Soe er dêr fijannen hân ha?’ hie Alberda frege.
Fûl hie se him oansjoen.
‘Hoe komme jo dêrby!’
It klonk resolút. In bytsje té?
Letter op it buro liet dy Slach by Warns him net los. Wat wist er der eins fan? In hunebêdstien op in bult as oantinken oan dy slach tusken Friezen en Hollanners lang ferlyn, dat wist er noch fan in skoallereiske. Hy wie der letter noch wolris by del riden. Altyd hastich, noait tiid om de boel ris goed te besjen.
‘In steal Friezen hawwe hjir de Hollanners mei har oanfierder greve Willem IV ferslein,’ hie master ferteld, ‘mei skeppen, heafoarken, knotsen, kneppels, seinen en bilen. De greve, dy't Fryslân wol eefkes ynpikke soe, hawwe se deaslein. Hjirre, op dit plak, hawwe ús foarâlden op libben en dea fochten foar har frijheid en dus ek foar dy fan ús. “Leaver dea as slaef” stiet op 'e stien sjogge jim wol?’
25 jier bestjoerslid fan 'e Stifting Slach by Warns! Soe de