IJsko
IJsko is sânentweintich. Hy reizget foar syn wurk de hiele wrâld oer en wol fan gjin fêste relaasje witte. ‘Ik ha it sa moai as wat,’ seit er, ‘ik genietsje fan myn frijheid.’
‘En no silst wer op 'e strún?’ sei er doe't ik him skille om te sizzen hoe't it der foar stie.
‘Do seist it.’
‘Moai.’
‘Moai?’
‘Ja, dochs?’
‘Ja, fansels.’
‘Klinkst net sa oertsjûgjend. In momint fan swakte?’
‘Nee, hast gelyk.’
‘Sa kin ik dy oars net.’
‘Fertel do no mar hoe't it mei dy is.’
‘Hè, hè, no kin ik dy wer.’