fuort
Ik siet yn myn finsterbank doe't Dette mei de koffer yn 'e hân om 'e hoeke kaam.
‘Hast it wol troch, tink,’ sei se, ‘ik ha noch net alles by my sa'tst sjochst, it oare helje ik moarn op. En ik ha al by de advokaat west.’
Ik wie even ferstuivere. Ik siet krekt te tinken oan it yngewikkelde ferhaal dat it famke yn 'e trein my dy deis ferteld hie. Dat gong oer in frou dy't allinne klearkomme koe as har man ûnder it frijen fertelde dat der ris in frou wie dy't allinnich klearkomme koe as se neaken foar har man stean gong en har feroare yn in minskegrutte fagina, dêr't har man dan op ta dûkte, mar ynstee fan dy fagina kaam er altyd in muorre tsjin en wylst er dan mei de hannen oan 'e holle op 'e grûn siet en it libben ferflokte berikte sy op syn sûzeboljende holle de himel op ierde.
‘Dan hast it fan my wûn,’ sei ik doe, ‘fan herte.’
Ik woe my net kenne litte.
Ik frege har om har nije adres.
Se joech it my en sei: ‘Ik hoech net bang te wêzen dat ik noch lêst fan dy krij. Teminsten, ik ha dyn eardere froulju dêr noait oer heard datst harren lestich falst. Ja, slachst my aanst dea, mar dat ha ik der foar oer.’
‘Ik sil dy noch hiel faak deaslaan.’
‘Dat fyn ik net slim, ast my mar gewurde litst. O, jonge, ik fiel my hearlik no't ik besletten ha om my gjin dei langer mear om dy te bekroadzjen.’
Dette har ôfskie hie wat triomfantliks.
Dat sei ik tsjin har. Se draaide my fuort de rêch ta.