Ik hâlde my wat ôfsidich, mar Dette gong hielendal yn 'e man op. Dy fielde him ferlegen ûnder 'e situaasje of hy hâlde de skyn op dat dat sa wie. Yn alle gefallen besocht er my op 'n stuit yn it petear te beheljen. Mar foar Dette mocht ik net mear bestean, want se prate oer wat de man sei hinne. Ik hie dêrnei it idee dat oer it gesicht fan har kollega wat triomfanteliks lei.
Ik moast tinke oan dy kear dat ik mei Els, myn twadde frou, fan it parkearplak ôf de stêd yn rûn. Wy kamen doe in froulike kollega fan my tsjin, dêr't ik hielendal yn opgong nei't ik har oan Els foarsteld hie. Els hie har de hiele tiid stil hâlden, ek doe't wy wer fierder rûn wienen. Earst de jûns hie se sein: ‘Ast dat wer lapst klau ik dat frommes de eagen út 'e kop.’
Ik naam it beslút om it oars oan te pakken.
‘Mei ik net meiprate,’ sei ik.
‘Leaver net,’ sei Dette.
‘Mar dyn kollega tocht der in pear tellen lyn oars oer.’
‘O ja,’ sei Dette. Se sei it tsjin my.
De man joech gjin azem.
‘Dit is dochs net aardich foar my,’ sei ik.
‘Mar foar my wol,’ sei Dette.
‘Sille wy fierder rinne?’ sei ik.
‘Nee, noch net, en ast sa troch giest hielendal net mear.’
‘Ast net meikomst slaan ik dyn kollega foar de kop en dy ek.’
‘Dan gean ik mei,’ sei se.
Doe't wy wer tegearre wiene sei ik: ‘Dat wie him dus.’
‘Ja.’
‘Ha jim al wat tegearre?’
‘Nee.’
‘Mar giet it dêr op ta?’
‘As it oan my leit al. En hoechst my net foar de kop te slaan, want dat jout dy neat.’