unnoazele
‘Myn frou hat de foto fûn,’ sei ik.
‘Dat wie de bedoeling fansels ek,’ sei it famke, ‘oars hiest him net yn 'e beurs sitte litten.’
‘Nee, ik ha der net om tocht.’
‘Unnoazele,’ sei se, ‘no, it wie myn bedoeling al.’
‘Wat?’
‘Ik woe dy fan har losweakje.’
‘O.’
‘Dêr sjochst fan op, hin.’
‘Dat hie ik net tocht, nee.’
‘Nee, want do wolst my hielendal net ha. Dyn sechsde frou moat ek wer ûngefear fan dyn leeftiid wêze, in bytsje jonger miskien. Dat hie ik op in stuit troch. Do boartest mar wat, do jagest net echt op my. Neffens my fieldest dy ferline wike ôfgryslik ûngemaklik doe't wy tegearre op it terras sieten.’
‘Ik hie net it gefoel datst woest dat ik in hân nei dy útstuts.’
‘Ynienen net mear, nee. It is sels sa sterk dat ik net iens wer mei dy op in terras sitte wol. Ik hie dy dy foto noait jaan moatten. Mar wat sei dyn frou?’
‘Se hie it wol tocht, sei se.’
‘O, dy eagen fan dy,’ sei it famke, ‘ik woe dat ik se noait sjoen hie.’
‘Mienst dat?’
‘Ja, mar ik wol dy noch wol graach ferhalen fertelle.’