Dan sei ik nee.’
‘Omdatsto ek sa ûnskuldich bist.’
‘Ja, mar ik doar jo wol te fertellen wat jo en ik dwaan soene as wy tegearre op bêd leine. Dat soe ik sels hearlik fine om te dwaan. Alle kearen as jo foar my oer sitten gean en der sit gjinien by ús wol ik jo wol ik in geil ferhaal fertelle. Ik bin lang sa ûnskuldich net as jo. Want dat soene jo ek net iens doarre.’
‘Dat moatst net te gau sizze.’
‘Neffens my binne jo sa ôfgryslik ûnskuldich dat jo no noait wer by my sitten gean sille.’
‘Dêr bist ek op út liket my ta.’
‘Nee, dat soe ik ferskriklik fine.’
‘Gelokkich.’
‘Jo krije in foto fan my, om by te dreamen sille wy mar sizze.’
Dette kaam de keamer yn.
‘Is der wat?’ sei se.
‘Hoesa?’
‘Do sjochst sa.’
‘Nee, neat.’
‘Ik wit it wol,’ sei se.
‘O.’
‘Do tinkst oan in oar.’
‘O.’
‘Oan in fanke fan in jier as santjin.’
‘O.’
‘Ik seach tafallich yn dyn beurs.’
‘It is neat,’ sei ik.
‘Bist in âlde bok,’ sei Dette.
Ik gong yn it finsterbank sitten.
Doe't ik der út moast sei it fanke: ‘Jo begripe it wol no, jo sjogge nei my en ik sjoch nei jo eagen, dat is alles.’