It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 142]
| |
[pagina 143]
| |
iennichsten dy't op 'e trein stiene te wachtsjen. Wy stiene dan noait by inoar yn 'e buert. Se hie wat heechhertichs oer har, dat him dêryn utere dat se my altyd pas groete as ik it har dien hie. Har heechhertichheid en myn ferlegenheid jagen my by har wei. Ik groete har ek wolris net en dan spile ik gauris mei de gedachte om de fûst yn har eigenwize mûltsje te plantsjen. Ik stapte noait by deselde doar yn as har, mar ik fantasearre wol dat ik it die en ik makke it dan sa dat ik by it ynstappen tsjin har oan kaam. Justerjûn stapten wy tagelyk yn 'e de lêste trein. Dat hie ik noch noait meimakke. Yn in fleach fan drystens en panyk gong ik foar har oer sitten. ‘Jûn’, sei ik. ‘Ik bin ferstuivere,’ sei se, ‘ik wit net hoe't ik it mei jo ha.’ ‘Ik bin dwaande om myn ferlegenheid de nekke om te draaien en ik wol jo heechhertichheid mei de grûn gelyk meitsje.’ ‘Tink mar net dat ik my foar jo útklaaie sil,’ sei se. ‘Sis mar do,’ sei ik. ‘Jo binne ûnbeskoft,’ sei se, ‘goed, ik sis do, mar ik prakkesearje der net oer om foar dy te fallen.’ ‘Ik fal foar dy,’ sei ik. ‘Klaai dy út,’ sei se, ‘en meld dy dan by de kondukteur.’ ‘Do earst,’ sei ik, ‘mar lit ús de kondukteur der bûten hâlde.’ De frou hie de iene skonk oer de oare. Se sloech no de oare oer de iene. ‘In ljochte siden panty,’ sei ik, ‘sa as altyd. Of hast hoazzen oan en in sjarretel. Dêr sjoch ik dy wol foar oan.’ ‘Ik lit dy net sjen wat ik allegear oan ha,’ sei se, ‘en ik sis it dy ek net.’ ‘Ik wit net hoe'tst hytst. Ik wit net yn hokker hûs ast wennest?’ | |
[pagina 144]
| |
Ik wist wol dat se yn it doarp wenne dêr't de trein stoppe, want se kaam altyd rinnende. ‘Ik hyt Suze,’ sei se, ‘ik wenje oan 'e Keimpemaleane op nûmer 7. No silst wolris as it tsjuster is by ús de tún yn rinne om stikem nei binnen te sjen oft ik ek neaken yn 'e hûs om rin of mysels foar de spegel oan it befredigjen bin.’ ‘Do hast fantasy,’ sei ik. Se sloech dûbel fan it laitsjen en sei: ‘Ik ferpleats my allinne mar yn dy en dat is sa maklik.’ ‘Ik bin ferlegen,’ sei ik, ‘en do heechhertich. Myn fûst yn dyn eigenwize mûltsje plantsje, dêr komme myn gedachten op út. Wolst ek witte hoe't ik hyt en wêr't ik wenje?’ ‘Nee.’ ‘Tusken myn fyfde frou en my akkordearret it net mear. Ik wie jûn op in gearkomste en dêr wie in frommeske dêr't ik graach mei nei hûs wollen hie, mar ik seach dat ik net foar har bestie.’ ‘Ik begryp it. In kat yn it nau docht mâle sprongen. Wolst troch in muorre.’ ‘Ik wol dyn fuotten nêst my op 'e bank ha.’ ‘Ik wol dy fuort ha,’ sei se, ‘nei de oare ein fan 'e kûpee. Harkje. Der wie in frou dy't in man dy't har beneikomme woe in oare frou foar eagen tsjoende. Se sei dat dy frou syn gulp iepenmakke en mei de rokken omheech en de broek del op him sitten gong. De frou dy't dat oan 'e man fertelde gong oerein, liet him yn folsleine sillichheid achter en socht in oare kûpee op.’ Wy wiene der en stapten út. Ik moast rjochtsôf nei myn fyts, sy rjochttroch it doarp yn. ‘Oant sjen,’ sei ik. ‘Nee,’ sei se, ‘kin net, no't ik my sa gean litten ha.’ |
|