foar. Ik wie even dûm wurden doe't ik dy fêststelling die, mar hie my bedimje kind. De sinne skynde ommers en de wrâld wie fol kânsen, sa't ik myn libben lang murken hie.
‘Nee, do giest oer liken,’ sei Amarins.
‘Hoe bedoelst?’
‘Watsto yn 'e holle hast dat moat trochgean. En ast dyn sin net krijst dan is it net bêst. Dan wurdst hielendal depressyf en dêrnei alderferskriklikste agressyf.’
‘O.’
‘Wolst dit wol hearre?’
‘It sil wol moatte. Do hâldst dy dochs net stil.’
‘Nee,’ sei se, ‘en foar dy hielendal net.’
Ik bûn mysels mei muoite de bek ticht.
‘Gelokkich foar de minsken om dy hinne dat de natuer der is,’ sei Amarins, ‘dêr kinst dy yn ferlieze.’
‘Hast gelyk.’
‘Ast yn 'e natuer bist dan mei ik dy lije,’ sei se, ‘dan giet it noch wol mei dy.’
Ik glimke nei har.
‘Heit, it is echt slim mei dy,’ sei se, ‘do bist sa'n ferskriklike fanatikeling.’
Ik rûn by it rút wei, nei bûten ta, stapte yn 'e auto en ried nei in stik lân dêr't puollen en petten achter leine. Ik rûn it stik lân troch en gong op 'e polderdyk nei de wetterwrâld sitten te sjen, nei in sleatsje, in petgat, elze- en wylgeboskjes en in reidfjild.
Ja, foar even is it hjir wol goed, sei ik by mysels, mar as Dette om njoggen oere net thús is gean ik op stap.
Ik seach nochris wer nei it jonge reid. Ik wie in idioat. It wie dúdlik wat der barre moast: dat famke yn 'e trein soe my de folgjende kear in slach foar de harsens jaan moatte.
‘Heit, laitsje ris,’ sei Amarins ek noch.