wa sil earst wêze?
Ik kin my sels wol foar de kop slaan, want ik bin der sa't skynt noch net yn behurde dat in houlik dêr't ik my yn stoart gjin stânhâldt. Ik sit der oer yn dat Dette by my wei gean sil.
Se is krekt thúskommen. Wer let, wer mei in ferlechje - dizze kear, dat se in âlde muoike tsjin it liif rûn wie en dêr in kop kofje mei dronken hie -, wer mei in strak, sletten gesicht. Se hat in oar. Net dat ik it wit, mar it kin net oars. Doe't ik har freegjend oanseach sei se: ‘Hoechst net te tinken dat ik in oar ha.’
‘Sis mar neat,’ sei ik.
‘Kom,’ sei se, en se skuorde my mei ûnder 'e keukenstafel, ‘ik wol dy yn 'e mûle ha.’
‘O,’ sei ik.
Ik woe har net kwyt, want it noasket my dat ik mei har net wit wat my oerkomt.
Mar as wy dochs byinoar wei moatte wol ik earst wêze. Dan wol ik opstappe foar't sy it docht.
Wannear sil ik opstappe? Pas as ik sels in oar ha?
‘Ik wol jûn wol mei dy oer it sleatsje springe,’ sei Dette.
Dat is oangongen. Ik siet yn it finsterbank en doe hat se my by har op 'e rêch nommen. Sa is se mei my oer it sleatsje sprongen en nei in heaopper ta draafd. Ik tocht fansels, wat slooft se har út, dit spul hat luzen, it is in hearlik wiif, mar wat rint se op in grouwélige manier oer my hinne.
Wylst wy yn 'e heaopper weisonken grommele ik by mysels: ‘Mar ik sil earst wêze.’