nochris de sinne
Dette en ik sieten fannemiddei bûten yn it moaie waar Doe't se de rok wat omheech skode om har skonken bleat te jaan oan 'e sinne sei ik: ‘It is leau ik wol tweintich jier lyn dat ik yn 'e sinne sitten gong om brún te wurden.’
‘Hâld dy de kop,’ sei Dette.
Ik fertocht har der fan dat se mei dy kollega fan har op bêd west hie en sei: ‘De sinne is dochs neffens dy in kring, dy't allinne mar hâldt fan famkes, jonge froulju en geile manlju.’
‘As ik moai brún bin of net,’ sei Dette, ‘dat kin dy neat skele.’
‘Hast gelyk,’ sei ik.
‘Do fynst net dat ik der moaier troch wurd?’
‘Hast gelyk,’ sei ik.
‘Ik fûn mysels sa stadich oan bespotlik dat ik yn 'e sinne sitten gong om brún te wurden.’
‘O,’ sei ik.
‘Mar dy kollega fan my dy fynt it wol prachtich as ik moai brún bin.’
‘Do slachst werom,’ sei ik.
‘Ja,’ sei se, ‘fergapje do dy mar oan famkes en jonge froulju. Ik soargje wol dat ik myn gerak ek krij.’
‘Do witst oars wol dat ik dy moai fyn,’ sei ik.
‘Dat sil 't wol, mar ik woe datst foar my út dyn finsterbank weikaamst en hielendal as ik brún bin. Mar dat is foarby.’
‘O,’ sei ik.
‘Twa jier lyn, doe seidest noch wol altyd dat ik moai brún wie.’
Dette klaaide har út en joech har yn 'e sinne del. Ik koe der net ta beslute om yn myn finsterbank sitten te gean en rûn it lân mar yn.