en no seist wat der is
Dette wie fan har stoel ôf ûnder 'e tafel gliden en siet oan my te lûken, mar se krige gjin beweging yn my. Se kaam wer foar it ljocht en sei: ‘En no seist wat der is?’
‘Ferrek mar,’ sei ik.
‘Dan gean ik no fuort,’ sei se, ‘en dan sjochst my noait wer.’
‘Goed,’ sei ik, ‘ik wit net oft it helpt, mar ik sil dy sizze wêr't ik oan tink. Myn earste frou woe oeral wol mei my frije, op bêd, op 'e grûn, yn 'e stoel, op 'e bank, op 'e trep, op 'e tafel, oan 'e kant fan 'e dyk, steand tsjin in beam. Ik mocht it ek wol yn alle stannen mei har dwaan. “Wêr dan ek en hoe dan ek,” sei se, “dat witst wol.” Mar se woe my net ôfsûge.’
‘Sa gek krijst my ek net,’ sei myn fyfde frou.
‘Dêr ha ik noch net op sind,’ sei ik, ‘mar myn twadde frou woe my wol hiel graach ôfsûge, allinne dy woe oars net mei my frije as op bêd en lang net yn alle stannen. Myn tredde frou woe graach dat ik har neaken seach, mar se woe net neaken mei my frije. Ik moast wol neaken wêze. Se hie dan in rok of in jurk oan, mar gjin broekje. Ik moast as se op 'e bank siet har rok of jurk stadich omheech skowe en dan yn har komme. Ik ha ek noait mei har op bêd lein te frijen. Myn fjirde frou woe it allinne mar op bêd dwaan, dat wol sizze op in echt bêd, net op in luchtbêd bygelyks. As wy op fakânsje wiene, wie der gjin sprake fan dat wy frijden, want se woe allinne mar mei yn de tinte op fakânsje. Ik besocht har alle jierren in simmerhúske yn te praten, mar dat slagge my net en as wy op fakânsje wiene seurde ik har ek altyd om 'e kop om in nacht yn in hotel te sliepen, mar ek dêr ha ik har noait ta bewege kind.’
‘Do bist gek,’ sei Dette.