moai sa!
Dette en ik sieten by de keukenstafel. Myn earms leine oerinoar op it tafelsblêd. Ik hong wat nei foaren ta en seach meastentiids foar my del. Dette siet foar my oer mei de earmtakken op 'e tafel en de hannen yninoar ûnder it kin. Se seach nei my en hie it wurd.
‘Ik woe dat ik noait mei dy nei de televyzje sjoen hie. Ik woe dat ik noait mei dy nei de stêd, nei it bosk, nei de see ta west hie. Ik woe dat ik noait mei dy iten en dronken hie. Ik woe dat ik dy noait meilutsen hie ûnder 'e keukenstafel, noait mei dy oer it sleatsje sprongen wie. Ik woe dat ik my noait troch dy tútsje en befiele litten hie. Ik woe dat ik dy noait by de kul pakt hie. Ik woe dat ik dy noait tsjinkommen wie. Sa, ik ha it sein, stjer no mar.’
Ik seach har oan, mar sei neat.
‘Moai sa!’ sei se.